Sölring

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De noardfryske dialekten

It Sölring is it Noardfrysk fan it eilân Söl.

It dialekt is besibbe oan it Noardfrysk fan Fear en Amrum, it Fering-Öömrang. It dialekt is foar oare Fryskpraters yn Noard-Fryslân min nei te kommen.

De dichter Jens Emil Mungard (1885 - 1940) skriuwde syn dichtwurken yn it Sölring. Hy skriuwde mear as 700 dichtwurken, 6 teaterstikken en in ferskaat oan proaza.

De Söl'ring Foriining is de organisaasje dy't him ynset foar it Frysk fan Söl.