Septuaginta

Ut Wikipedy
De Chester Beatty Papyrus VII bevat stukken Deuteeronomium
De Septuagint: een kolom in unciaal schrift van 1 Ezra uit de Codex Vaticanus

De Septuaginta of Septuagint, meastentiids ôfkoarten as LXX (70 yn Romeinske sifers), is de namme foar de Grykske oersetting fan de Tenach of it Alde Testamint, dy't tusken likernôch 250 f.Kr. en 50 f.Kr. makke waard.

De Namme en it ûntstean fan de Septuagint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Septuagint of Septuaginta (Latyn: ‘santich’, ôfkoarting fan interpretatio septuaginta virorum, Gryksk: ἡ μετάφρασις τῶν ἑβδομήκοντα, "oersetting fan de santich manlju"; ynstee fan virorum wurdt ek seniorum ('âlderein') of interpretum ('oersetters') brûkt). Neffens de oerlevering waard de Hebriuwske Bibel yn it Gryksk oersetten troch 70 (neffens oare boarnen 72) oersetters dy't, hoewol ûnôfhinklik fan elkoar wurkjend, op bjusterbaarlike wize allegear deselde oersettings makken.

De oersetting wie ynearsten bedoeld foar de grutte kloft Gryksktalige joaden yn Egypte. Hja brûkten it Hebriuwsk nammentlik net langer mear as harren memmetaal.

Joadske fisy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De orizjinele rabbynske Septuagint befettet neffens Joadske boarnen allinnich de earste fiif boeken fan Mozes, (Genesis, Eksodus, Levitikus, Numery en Deuteronomium), wylst de kristlike boarnen sizze dat de rabbinen de Tenach folslein yn it Gryksk oersetten hawwe. Ûnderwilens hawwe deselde 72 rabbinen yn Talmoedtraktaat Megilla 9a en 9b fermeld dat fyftsien passaazjes fan harren Septuagint-oersetting ien op ien njonken de orizjinele Hebriuwske fersy lein wurden kinne.

Nei in net slagge besiking 61 jier earder, om de Torah yn it Gryksk oer te setten, sammele de Gryksk-Egyptyske kening Ptolemaeus II 72 rabbinen by elkoar yn 72 ôfsûndere romten. Eltse rabbyn krige de opdracht in oersetting foar him te meitsje fan de Torah yn it Gryksk.

Op de achtste dei fan de moanne Teweet fan it Joadske jier 3515 (246 f.Kr.) waarden 72 ferzjes makke, mei allegear op 13 plakken deselde feroarings (dêr't hja mei-elkoar fan miening wienen dat in te letterlike oersetting in korrupsje fan de orizjinele tekst betsjutting soe). Neffens de tradysje soe bliken dien hawwe dat alle oersettingen lyk wienen, wylst hja noch wol stikem ûnôfhinklik bepaalde feroarings yn de oersetting oanbrocht hawwe soenen. Dizze Grykske oersettingen waarden Septuagint („fan de santich”) neamd.

Under it tiidrek fan de Talmoeden krige men spyt foar it meitsjen fan de oersetting, sadat de Joadske datum 8 Teweet in fastendei waard.

Konflikten tusken Joaden en kristenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De LXX wie ûnder it Hellenisme en de earste iuwen fan it kristendom de wichtichst en faakst brûkte Bibeloersetting, by de kristenen likegoed as by de Joaden. By de Joaden lykwols krige de oersetting fan om-ende-by 100 n.Kr. ôf in minne namme, om't de kristenen mei de LXX yn de hân besocht hawwe oan te toanen dat Jezus Kristus de foarseine Messias wie.

Nei inkele besikingen om de Hebriuwske Bibel op 'e nij, mar dan letterliker oer te setten – troch Aquila (hiel bot letterlik, en dêrtroch ûnbegryplik), troch Symmachus en troch Teodotion (op 'e nij besjen fan de LXX) – wurdt yn de synagoge besletten de bibel allinnich noch mar yn it Hebriuwsk te lêzen en hat men de LXX oan de kristen oerlitten. Der waard yn Hebriuwsk ûnderwiis oan bern ynvestearre en it proses fan standerdisearje fan wat lang om let de Masoretyske tekst gien hite soe waard trochsetten.

Kristlike fisy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de kristenen hat de LXX fan grut belang west foar harren sindingswurk. It meastepart fan harren bekearlingen yn de earste iuwen wienen nammentlik Gryksktaligen en hja hienen mei de LXX fuort de oersetting fan it Alde Testamint beskikber. It belang fan de LXX docht fierder bliken út it grutte tal sitaten dy't yn de nijtestamintyske brieven en de evangelyen steane en dy't neffens de Grykske tekst binne en net neffens de Masoretyske Hebriuwske tekst.

De boeken fan de Septuagint neffens it kristendom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Septuagint befettet mear boeken as de Hebriuwske Bibel.

  1. Kanonike boeken. De septuagint befettet de folsleine Hebriuwske Bibel yn it Gryksk dêr't de oersetting net altiten lyk fan is.
  2. Deuterokanonike boeken: binne 7 of 10 yn tal, ôfhinklik op hokker wize dat yndield wurdt. Dy boeken wurde sawol yn de Easterske Ortodokse tsjerken as by de Roomsk-Katolike tsjerke as gesachhawwend beskôge, mar net troch de protestanten.
  3. Apokrive boeken: dizze wurde troch de Roomsk-Katolike tsjerke allegear en troch de Eastersk ortodokse tsjerken meastentiids as net wier beskôge. (Psalm 151; 3 en 4 Makkabeeën, 1 (=3) Ezra; Psalmen van Salomo
  4. It boek Oden bestiet út Fersen dy't kopiearre binne út it Ald Testamint; de Deuterokanonike boeken of it Nije Testamint. It boek is apokryf; de ynhâld net.

Komôf en skiednis fan de tekst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eardere tekstkritisy ferûnderstellen dat de LXX in oersetting fan de Masoretyske tekst (MT) wie. Troch de tekst te fergeliken mei guon Deade-Seerollen is konkludearre dat LXX (en Samaritaanske Pentateuch) oan 'e iene kant en Masoretyske tekst oan 'e oare kant twa teksttypes fertsjintwurdigje dy't beiden foarkomme by de Deade-Seerollen.

Farianten en omstriden boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de LXX komme faak sokke grutte ferskillen foar, dat yn de moderne útjefte fan de Septuaginta, de Deutsche Bibelgesellschaft, fan in protte boeken twa ferzjes werjûn wurde: bygelyks fan Jozua 18 en fan Richteren in ferzje út Codex A en ien út B; Tobias ien ferzje út A en B en in oare út codex S, itselde bart by Daniël. De wiisheid fan Jezus Sirach hat yn de minuskels geregeld ekstra ferzen, dy't yn de uncialen en yn it Hebriuwsk ûntbrekke. Likegoed hawwe de boeken Daniël en Ester yn it Gryksk ekstra haadstikken.
Ek it boek Psalmen hat in psalm ekstra, Psalm 151. It ferskil yn telling mei de masoretyske tekst is ek nuver: In de LXX foarmje psalm 9 en psalm 10 tegearre ien psalm: 9. Fan dêr ôf rint de nûmering fan de LXX foar op de masoretyske tekst. Psalm 11(MT) is yn de LXX psalm 10; psalm 145 fan de LXX is "ús" 146. Psalm 146 bestiet yn de LXX as de earste 11 ferzen fan de Masoretyske tekst ("ús" tekst) fan Psalm 147. Psalm 147 bestiet yn de Septuaginta út de twadde helte fan ús 147. Fan 148 oant 150 komt de nûmering wer oerien, en folgte yn de LXX Psalm 151; in lied fan 7 ferzen dêr't David syn oerwinning op Goliat beskriuwt. Ut de fariabele gearstalling fan de rollen mei Psalmen dy't by de Deade-Seerollen oantroffen binne, falt op te meitsjen dat de einredaksje fan it boek Psalmen as geheel betreklik let foarfallen hat. De yndieling yn fiif boeken is lykwols yn de LXX itselde as yn de MT.

Gebrûk, oersetting, gesach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de 2e iuw waard yn it Westen gebrûk makke fan alderlei Latynske oersettings, de Vetus Latina. Dat hawwe wat it Alde Testamint oanbelanget oersettings west fan de LXX. Tusken 390 oant 405 wurke Hiëronymus fan Stridon foar paus Damasus I oan de offisjele Latynske Fulgata. Dêrfoar hat hy it Alde Testamint streekrjocht oerset út it Hebriuwsk. Fan de troch him "Deuterokanoniken" neamde boeken revisearre hy de al besteande oersetting yn it Latyn mei help fan it Grykske orizjineel yn de LXX. Yn de Fulgaat sette hy de boeken, op in inkele útsûndering, yn de folchoarde fan de LXX, dy't fan de joadske yndieling ôfwykt.

Tsjintwurdich is de LXX de standerttekst foar de Eastersk-Ortodokse Tsjerke.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: