Fulgata
De Fulgata of Fulgaat (Editio Vulgata) is in wichtige bibeloersetting yn it Latyn. It is troch Hiëronymus makke yn opdracht fan paus Damasus en dien tusken 390 en 405 nei Kristus. De Fulgata tanket syn namme oan de útdrukking versio vulgata ('folksk Latyn') en wie yn it sljochtweihinne Latyn skreaun (sermo humilis). It ferskil tusken it elegante Ciceroniaanske of literêre Latyn dêr't Hiëronymus in master yn wie en it ienfâldige folkske Latyn is grut. De Fulgata waard makke om in akkurate en ienfâldich te begripen ferzje te krijen as eardere oersettings, de Ald Latynske oersettingen of "Vetus Latina". It wie de earste en hat ieuwenlang de ienige kristlike Bibeloersetting west dêr't de oersetting fan it Alde Testamint streekrjocht út it oarspronklike Hebrieusk kaam ynstee fan út it de Grykske Septuaginta.
Sûnt 1546 oanfurdige it Fatikaan op it Konsily fan Trente allinnich de Fulgata ferzje as gesachhawwend, mei it gefolch dat alle katolike oersettings fan de Bibel, bassearre op de grûntalen en modern wittenskiplik ûndersyk, wachtsje moasten oant nei de ensyklyk Divino Afflante Spiritu (1943).
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- De Fulgata op de side fan it Fatikaan
- De Fulgata op www.intratext.com
- De Clementina Vulgata
- Biblia Vulgata Stuttgart edysje, mei de Douay-Rheims en King James fersy
- Stuttgarter Vulgata, mit de Douay-Rheims fersy, it Gallikaansk Psalter en it folsleine boek Daniël
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vulgata fan Wikimedia Commons. |