Akkadysk
Ut Wikipedy
|
||||||||||||||||||||||||||||||
Akkadysk is in útstoarne Semityske taal, dy't sterk troch it Sumearysk beynfloede is. De taal wie oant koart nei it begjin fan de jiertelling yn gebrûk yn Mesopotaamje (it tsjintwurdige Syrje en Irak). De taal waard stadichoan ferkrongen troch it Arameesk en tsjinne op it lêst allinnich noch as skriuwtaal foar gelearden.
It Akkadysk is neamd nei de stêd Akkad en wie sawol folkstaal as de offisjele taal yn Mesopotaamje, ek tsjinne de taal in skoftlang as "lingua franca" yn it ynternasjonale ferkear, fan Lyts-Aazje oant en mei Egypte.
De wichtichste dialekten wienen it Babylonysk en Assyrysk. Tsjintwurdich wurdt ek it Eblaitysk as in Akkadysk dialekt beskôge..