Sprektaal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sprektaal hâldt yn in foarm fan ynformeel taalbrûkme, de skriuwtaal (of standerttaal) wurdt trochstrings as it formele part sjoen wylst dy wol op de sprektaal basearre is.

Dialekt → Regiolekt[bewurkje seksje | edit source]

In dialekt is in fariaasje binnen de taal. Troch globalisearring en migraasje stiet de posysje fan dialekten faai, faak assimilearje dy dialekten mei oare dialekten wêrtroch net langer it dialekt fan in doarp fan belang is, mar fan de folslein regio. In groep dialekten dy't folslein assimilearre binne en by in bepaalde regio hearre wurde regiolekten neamd.

Sosjolekt[bewurkje seksje | edit source]

In sosjolekt hat mei status te krijen, in sosjolekt wurdt troch in bepaalde (maatskiplike) groep brûkt. It Stêdsfrysk is in moai foarbyld fan in feroarjend sosjolekt. Om it jier 1900 en dêrfoar wie it Stêdsfrysk in taal fan de deftige hegerein. Nei de Twadde Wrâldkriich feroare dat lykwols en waard it de taal fan minsken mei modale as legere sosjale status.

Sprektaal versus skriuwtaal[bewurkje seksje | edit source]

Fonologyske regels[bewurkje seksje | edit source]

Mei fonologyske regels kinne wy it ferbân lizze tusken sprek- en skriuwtaal. Troch de fonologyske regel foar sybalisearring witte wy dat de 'e' yn doarren weifalt [dụar'n]. Oare foarbylden binne de wurden as 'prins' en 'mins', wêrby de 'i' as in dûbele 'e' útsprutsen wurdt.

SMS-taal[bewurkje seksje | edit source]

By it taalgedrach fan jongerein leit de stavering faak sljocht. Guon brûke beskate ôfkoartings dy't rûnom yn dy groep bekend binne, wêrtroch it liket dat der nije wurdfoarming ûntstiet. Troch de regel fan lykfoarmigens is it lykwols dreech om sms-taal te standardisearjen. Ien fan de skaaimerken fan sms-taal is it weilitten fan lûden en it brûken fan nûmers yn wurden. It tiidwurd 'wachtsje' soe yn sms-taal 'w8sje' wurde kinne. In oar foarbyld is de titel fan it boek Hftch - krt ferhln (Heftich - koarte ferhalen) fan Ate Grypstra.

Tafersjoch[bewurkje seksje | edit source]

Taalynstellings jouwe hieltyd mear omtinken oan sprektaal by jongerein. Sa binne der no wurdboeken foar sms-taal mar ek guon dialekten wurde tsjinwurdich yn lytse gekjeiende wurdboekjes beskreaun.