Oanfal op Pearl Harbor
Ut Wikipedy
De Oanfal op Pearl Harbor wie in ferassingsoanfal fan Keizerryk Japan tsjin de Amerikaanske marinebasis Pearl Harbor op Hawaii op 'e iere moarntiid fan 7 desimber 1941. De oanfal begûn primêr mei de ynset fan seis Japanske fleandekskippen. Dêrfan waarden twa oanfalsweagen flein mei 353 fleanmasines.[1]
In grut part fan de Amerikaanske marine wie nei de oanfal ferslein. By de oanfal hienen fleandekskippen, foar it earst yn 'e marineskiednis, in primêre rol yn in seeslach hân. De oanfal late ta dielname fan de Feriene Steaten oan de Twadde Wrâldkriich. Lykop mei de oanfal begûn it offensyf fan it Keizerryk Japan tsjin de Britske en Nederlânske kolonyen yn Súdeast-Aazje, dêrtroch waard de Twadde Wrâldkriich in globale kriich.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Stinnett, Robert B. -Day of deceit, The truth about FDR and Pearl Harbor-Free Press, 2001
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|