San Jose (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
San Jose (Kalifornje)
Downtown san jose south market st.jpg
Flagge Wapen
Flag of San Jose, California.png Seal of San Jose, California.png
Sifers
Ynwennertal 984.299 (2013)
Oerflak 466,1 km² (ynkl. wetter)
457,2 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 2.029,4 / km²
Stêdekloft 1.975.342 (2013)
Hichte 26 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of California.svg Kalifornje
County Flag of Santa Clara County, California.png Santa Clara County
Oar
Stifting 1777
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 37°20′ N 121°54′W
Webside www.sanjoseca.gov
De lizzing fan San Jose yn Santa Clara County en yn 'e steat Kalifornje.
It stedhûs fan San Jose.
Palmbeammen yn San Jose.
De Circle of Palms Plaza, ta oantins oan it feit dat San Jose de earste steatshaadstêd fan Kalifornje wie.

San Jose, ek wol stavere as San José (útspr.: /'sæn hou'zei/), is in stêd yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje en it haadplak fan it omlizzende Santa Clara County. Neffens in offisjele skatting út 2013, troch it Kalifornyske ministearje fan Finânsjes, hat San Jose krapoan 985.000 ynwenners. Dêrmei is it de trêde stêd fan Kalifornje (nei Los Angeles en San Diego) en is it feitliks grutter as it deunby leine en folle bekendere San Fransisko, dat rûchwei 150.000 ynwenners minder hat. San Jose is de op njoggen nei grutste stêd yn 'e Feriene Steaten, en de grutste yn Silicon Valley. Mei alle foarstêden derby komt it ynwennertal fan 'e stêdekloft om San Jose hinne op hast 2 miljoen minsken út, wylst it, as de deroan fêstgroeide stêden San Fransisko en Oakland meirekkene wurde, op 8,4 miljoen útkomt. Allinnich New York, Los Angeles, Chicago en Washington, D.C.-Baltimore binne grutter as dat.

Namme[bewurkje seksje | edit source]

De oarspronklike namme fan San Jose wie El Pueblo de San José de Guadalupe, mei't it ferneamd waard nei de hillige Joazef, de styfheit fan Jezus Kristus. Under it Amerikaanske bestjoer waard de namme ferkoarte en anglisearre ta San Jose, mar op 3 april 1979 naam de gemeenterie fan 'e stêd it beslút om 'e namme yn it ferfolch te staverjen op 'e Spaanske manear, as "San José", mei in skerpteken op 'e "e". Yn alle offisjele korrespondinsje en by alle gebrûk op oare mêden wurdt sûnt troch it stedsbestjoer skreaun fan San José, al is de offisjele namme neffens de oarkunde wêrmei't de stedsrjochten ferliend binne, noch altiten fan San Jose, sûnder skerpteken. Dat is ek de wize wêrop oft de measte ynwenners en bûtensteanders de namme staverje.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

San Jose waard op 29 novimber 1777 stifte troch de Spaanske luitenant José Joaquin Moraga, op befel fan Antonio María de Bucareli y Ursúa, de ûnderkening fan 'e koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko). Foartiid hie it gebiet bewenne west troch de Ohlone-Yndianen. De earste fêste Jeropeeske oanwêzigens yn 'e krite wie yn 1769 úteinset mei in stikmannich fransiskaanske missys, dy't stifte wiene troch pater Junípero Serra. San Jose, dat de earste Spaanske delsetting yn Noard-Kalifornje wie, bleau ieuwenlang in boeredoarpke. Yn 1821 kaam it, mei de rest fan Kalifornje, by Meksiko te hearren, dat dat jiers ûnôfhinklik waard. Nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch waard it, op 'e nij mei de rest fan Kalifornje, yn 1848 ûnder it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo troch Meksiko ôfstien oan 'e Feriene Steaten.

Yn 1850 krige it as it twadde plak yn Kalifornje (nei Sakraminto) de status fan stêd taparte (al hie it doe noch mar in befolking fan 3.500 minsken). San Jose wie de earste haadstêd fan Kalifornje, al rekke it dy status yn 1851 al wer kwyt. Om 'e ieuwiksel hinne hie San Jose 21.500 ynwenners. Yn 1906 rekke San Jose nochal wat skansearre troch de Ierdbeving fan San Fransisko, al foel dat yn it neat neffens de skea dy't der yn San Fransisko sels oanrjochte waard. Dochs foelen der noch mear as hûndert deaden doe't it Agnews Asylum, in psychiatrysk sikehûs, ynstoarte.

De Twadde Wrâldoarloch wie foar San Jose in ûnlijige tiid, en teffens in kearpunt. Tsjin 1940 hie de stêd krapoan 70.000 ynwenners, wêrûnder tûzenen lju fan Japansk komôf, dy't fierhinne gearklofte wiene yn 'e wyk Japantown. Dy waarden oan it begjin fan 'e oarloch allegear oppakt en nei ynternearringskampen yn 'e woastyn stjoerd, mei't se fertocht waarden fan sympatisearjen mei de fijân (al wie der net ien dy't foarstelde om 'e Amerikanen fan Dútsk en Italjaansk komôf yn kampen op te sluten). Under de ynternearre Sanjoseesters wie ek Norman Mineta, in takomstige boargemaster fan 'e stêd. Troch de oarloch ferskode de ekonomy fan San Jose fan ien dy't basearre wie op lânbou, mei fruitynblikker Del Monte Foods as grutste wurkjouwer, nei ien dy't fral stipe op yndustriële fabrikaazje fan oarlochstúch.

San Jose út 'e fierte wei.

Nei de oarloch fêstige IBM yn 1943 syn haadkertier oan 'e westkust yn San Jose, en dêropta iepene it yn 1952 in ûndersyks- en ûntwikkelingsfasiliteit yn 'e stêd. Dat wiene de foarrinders fan hoe't de takomstige ekonomy fan it gebiet derút komme soe te sjen. Yn 'e fyftiger en sechstiger jierren wreide San Jose sterk út, en anneksearre it ferskate omlizzende stêden, lykas Alviso en Cambrian Park. Yn 'e santiger jierren folge de weromstuit, doe't der ûnder de boargemasters Norman Mineta en Janet Gray Hayes beheinings oan 'e útwreiding steld waarden. Likegoed groeide San Jose gewoan troch, allinnich wie de groei no rjochte op fierdere ûntwikkeling fan it gebiet dat al ta de stêd hearde. Tsjin 1980 hie it in ynwennertal fan 630.000 berikt. Tusken 1976 en 2001 hie San Jose fierders mei in ûnbidige groei fan 'e ekonomy te krijen, mei't it it wichtichste plak fan Silicon Valley wie, dat him yn dy snuorje ûntjoech ta it sintrum fan 'e kompjûtertechnology yn 'e Feriene Steaten.

San Jose hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

Hjoed de dei stipet de ekonomy fan San Jose noch altiten foar it meastepart op 'e kompjûtertechnology fan Silicon Valley. Op in ranglist fan 'e grutste wurkjouwers fan San Jose komt men by de earste fyftjin njonken oerheidsynstânsjes en ûnderwiisynstellings eins allinne mar kompjûter- en ynternetbedriuwen tsjin. Yn San Jose binne de haadkantoaren fêstige fan ûndernimmings as Adobe Systems, eBay, de Echelon Corporation en Cisco Systems, dat mei hast 12.000 banen ek de grutste wurkjouwer yn 'e stêd is, op 'e Santa Clara County nei. It Noardamerikaanske haadkertier fan Samsung stiet yn San Jose, krekt as wichtige fasiliteiten en fabriken fan Ericsson, Hewlett-Packard, Hitachi en IBM.

De Dr. Martin Luther King, Jr. Library.

Trochdat de lofthaven fan San Jose, Mineta San Jose International Airport, sa ticht op 'e beboude kom leit, jilde der yn it sintrum fan 'e stêd, dat lyk op ien fan 'e oanfljochrûtes leit, heechbourestriksjes. Yn San Jose steane ferskate universiteiten, wêrfan't de grutste de San Jose State University is, dy't al yn 1862 stifte waard. Besjensweardichheden yn 'e stêd binne û.o. it Ira F. Brilliant Center for Beethoven Studies, mei de grutste Beethoven-kolleksje bûten Jeropa; de Dr. Martin Luther King, Jr. Library, de grutste iepenbiere bibleteek yn 'e Feriene Steaten bewesten de Mississippy; de Circle of Palms Plaza, in plein mei in sirkel palmbeammen ta oantins oan it feit dat San Jose de earste steatshaadstêd fan Kalifornje wie; it Mexican Heritage Plaza, in museum en kultureel sintrum dat de skiednis fan 'e Latino-mienskip yn en om San Jose beljochtet; en it San Jose Museum of Art, mei in grutte keunstkolleksje. Op it mêd fan sport is San Jose fierders de thúsbasis fan 'e fuotbaltiims de San Jose Earthquakes en Real San Jose en fan it iishockeytiim de San Jose Sharks.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe 10,1% fan 'e ynwenners fan San Jose boppe de 65 jier, wylst 24,8% jonger as achttjin jier wie. Fan alle húshâldings bestie 27,2% út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 33,2% Latino's (mei as grutste subgroep 28,2% Meksikanen); 31,7% Aziaten (mei as grutste subgroepen 10,4% Fjetnamezen; 6,7% Sinezen en 5,6% Filipinen); 28,7% blanken; 2,9% swarten; 0,3% Yndianen; 3,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De Katedrale Basilyk fan Sint-Joazef.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

San Jose leit persiis tusken de San Andréasbrek en de Calaverasbrek yn, yn in krite dy't geregeldwei troffen wurdt troch ierdbevings. Yn trochsneed is der twaris yn 't jier in tuskenbeiden ierdbeving (fan boppe krêft 4 op 'e Skaal fan Richter), wylst lichtere ierdbevings noch folle faker foarkomme, sadat de pleatslike befolking dêr mar frijwat blasee oer docht. Slimme ierdbevings hawwe San Jose troffen yn 1839, 1851, 1858, 1864, 1865, 1868 (de Ierdbeving fan Hayward), 1891, 1906 (de Ierdbeving fan San Fransisko), 1957, 1984 en 1989 (de Ierdbeving fan Loma Prieta).

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

San Jose hat in subtropysk Mediterraansk klimaat, mei mear as 300 dagen sinne it jier. De kâldste moanne is desimber, mei in trochsneed deitemperatuer fan 14,4 °C, wylst de waarmste moannen july en augustus binne, beide mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 27,7 °C. Winterdeis binne der trochstrings 2,7 dagen dat de temperatuer nachts ûnder it friespunt komt, en by 't simmer binne der ornaris 16 dagen dat it hjitter is as 32 °C. Wat delslach oangiet, dêrfan falt der yn in trochsneed jier 401,9 mm, frijwol allegear yn 'e foarm fan rein; de lêste kears dat der yn San Jose snie foel, wie op 5 febrewaris 1976 (mar doe foel der dan ek yn ien kear in laach fan 7½ sm).

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Further reading, op dizze side.