Sakraminto (Kalifornje)
| Sakraminto | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 486.488 (2010) | |
| Oerflak | 259,27 km² | |
| Befolkingstichtens | 1876,4 / km² | |
| Stêdekloft | 2.500.000 | |
| Hichte | 8 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Kalifornje | |
| County | Sakraminto | |
| Oar | ||
| Tiidsône | PST (UTC−8) | |
| *Simmertiid | (UTC-7) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | Cityofsacramento.org Offisjele webside (in) | |
Sakraminto (Ingelsk: Sacramento) is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Kalifornje. It plak leit oan de rivier de Sakraminto. Nei ynwennertaltal is it de 7e stêd fan Kalifornje en heeft 453.781 inwoners. De hiele stedekloft hat 2.042.283 ynwenners. Sakraminto leit sa'n 120 kilometer benoarden San Francisco. Likernôch 20% fan de befolking sit ûnder de earmoedegrins sa't dy yn de Feriene Steaten fêststeld is.
De stêd waard yn 1848 stifte troch in Switserske ymmigrant, John Sutter(jr).
Ynhâld |
Skiednis[bewurkje seksje]
Oant 1839 wie it gebiet part fan Nij-Helveetsje, in partikuliere koloanje, dy't troch Johann August Sutter, mei tastimming fan de Meksikaanske oerheid, stifte wie. Nei de Meksikaansk-Amerikaanske Kriich fan 1846/48 waard hiel Kalifornje Amerikaansk. Yn 1848 betsjutte de ein fan Sutter's koloanje ûnder de druk fan de Kalifornyske goldrush. De goudkoarts makke fan Sakraminto in wiere goudsikersdelsetting oan de mûning fan de rivier de Amearika yn de Sakraminto. Doetiids kamen de goudsikers dêrhinne mei de boat oer de Sakraminto, om te foet fierder harren gelok te sykjen.
Yn 1850 waard Sakraminto offisjeel stêd. Neidat yn 1856 it spoar iepene waard, groeide Sakraminto fluch út ta in hannelssintrum, in Boomtown on the River sa't doe sein waard. It kapitool fan de steat waard boud tusken 1861 en 1869, en troch de oanlis fan in kanaal yn 1963 waard de stêd foar de skipfeart makliker te berikken. Yn 1964 waard de foarstêd Noard Sakraminto by de gemeente lutsen.
Untjouwing ynwennertal:
|
|
|
Ekonomy[bewurkje seksje]
Fan ekonomysk belang foar de stêd binne de fruitbou, de konserve-, masine-, auto-, hout- en fiedingsmiddelenyndustry.
Bynammen[bewurkje seksje]
- De bynammen fan Sakraminto binne: Capital City ('Haadstêd'), River City ('Rivierestêd'), The Big Tomato ('De Grutte Tomaat'), en de City of Trees ('Beammestêd').
Stedsbyld[bewurkje seksje]
-
De Tower Bridge oer de Sakraminto, boud yn 1935
-
It B.F. Hastings-gebou út 1853, it fierst westlike stasjon fan de Ponny Ekspres, Ald Sakraminto.
-
It Big Four-gebou út 1852 yn Ald Sakraminto
Berne yn Sakraminto[bewurkje seksje]
- Henry Hathaway (1898-1985), filmregisseur
- Shelly Stokes (26 oktober 1967), softbalster
- Stephen Carpenter (3 augustus 1970), gitarist (Deftones)
- Chino Moreno (20 juny 1972), muzikant (Deftones)
- Derek Miles (28 septimber 1972), heechljepper
- Brian Lewis (5 desimber 1974), sprinter
- Sasha Grey (14 maart 1988), (porno)aktrise
- Greta Gerwig, aktrise
- Jacob Golden, sjonger, gitarist
- Joey Hand, hurdfytser
- Anthony Kennedy, rjochter
- Rodney King, swart slachtoffer fan plysje
- Thomas King, yndiaansk skriuwer
- Thomas Kinkade, keunstskilder
- Kayden Kross, model
- Ramon E. Moore, wiskundige
- Mel Ramos, keunstner
- Stephen Kern Robinson, astronaut
- Will Haven, Rock-Band