Psychiatrysk sikehûs

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Apeldoornsche Bosch om 1930 hinne
Psychiatryske ynrjochting Bakkum

In psychiatrysk sikehûs of psychiatryske ynrjochting is in ferpleechynstelling yn dy't besiket pasjinten te genêzen fan geastessykten.

Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

It Psychiatrysk Sikehûs fan Frjentsjer kaam yn 1848 ta stân op inisjatyf fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân. Doe waard besletten om sechtich psychiatryske pasjinten op te fangen yn de eardere akademygebouwen fan de Frjentsjerter Hegeskoalle. Op 31 maart 1851 kaam de earste lichting fan 27 pasjinten oan út Dimter, dêr't se oant dan opfangen wienen. It sikehûs is yn 1973 útwreide mei in polyklinyk en iepene yn 1974 it doarp "Lankwert". Dizze feroarings barden yn it ramt fan oanpassings oan moderne opfettings yn de psychiatry. Al earder wienen dêrta nije terapy-ôfdielings, wêrûnder it A. Zondaggebou (1970) ferriisd en wenhuzen oan de Foarstrjitte yngripend restaurearre. Op de hoeke Foarstrjitte-Fiverstrjitte waard in ôfdieling geronto-psychiatry boud (1972). De ynstelling hie doe sa'n 600 pasjinten.

Dêrneist foarme it Psychiatrysk Sikehûs yn Frjentsjer in wichtich fûnemint foar de hjoeddeiske Stichting GGZ Fryslân. Yn 1997 fusearre de ynstelling mei ferskate oare organisaasjes yn Fryslân dy't letter oprjochte wiene en har ek taleinen op psychologyske en psychiatryske soarch. Dêrmei ûntstie de Stichting GGZ Fryslân. By de fúzje gienen mei elkoar: it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer, it Algemien Psychiatrysk Sikehûs Súdeast-Fryslân, it RIAGG Fryslân, de RIBW Fryslân en it Berne- en Jeugd Psychiatrysk Sintrum 'It Griene Hert'. Fan 1995 oant ein 2007 wie de soarch fan GGZ Fryslân regionaal yndield yn fjouwer distrikten. Yn 2008 feroare de struktuer fan de organisaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: