Hawajaansk
Ut Wikipedy
|
||||||||||||||||||||||||||||
It Hawajaansk is in taal dy't heart by de Polynesyske kloft fan de Austronesyske taalfamylje. De taal wurdt sprutsen op de Hawaï-eilannen yn de Grutte Oseaan. De taal is in gefaar komd troch de komst fan it Ingelsk fan de Amerikaanske befolking dy't op de eilannen wennet.
It Hawajaanske alfabet hat mar trettjin letters:
a,e,h,i,k,l,m,n,o,p,u,w + de okina, dy't ek sa likernôch in letter neamd wurden mei en dy't in tige spesjale funksje hat. Troch dizze okina wurdt Hawai'i net útsprutsen as 'Hawaai', mar as 'Ha - waai - y'. Yn taalkundige terminology hjit dat in glottislag.
It Hawajaansk hat mar sân bylûden (mei de okina acht) tsjinoer fiif lûden. It Hawajaansk is in oerdreaun foarbyld fan in lûdentaal.