Warsjaupakt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Logo Warsjau Ferdrach Organisaasje
Presidensjele paleis yn Warsjau, yn 1955 ferneamd as it gûveneurs paleis (Pałac Namiestnikowski), dêr't it Warsjaupakt tekene is

It Warsjaupakt of Warsjau Ferdrach Organisaasje (offisjele namme: Ferdrach fan Freonlikens, Gearwurking en Assistinsje oan wjerssiden) wie in organisaasje fan Sintraal-Jeropeeske en East-Jeropeeske kommunistysk steaten. It waard stifte yn 1955 yn Warsjau, Poalen as reaksje tsjin de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. It pakt duorre oant de ein fan de Kâlde Kriich doe't guon lannen lid ôf wiene, mei gefolch it ynstoarten fan it Eastblok en politike feroarings yn de Sowjetuny. It ferdrach waard tekene yn Warsjau, op 14 maaie1955 mei offisjele kopyen yn it Russysk, Poalsk, Tsjechysk en Dútsk.

De NAVO en it Warsjaupakt hawwe nea streekrjocht in militêr konflikt hân, mar bestriden elkoar mear as 35 jier yn de Kâlde Oarloch. Yn desimber 1988 skafte Michail Gorbatsjov lykwols de Brezjnev-doktrine ôf en ferkleare dat de East-Europeeske lannen harren eigen koers farre mochten. Yn 1989 sette in protte feroarings útein yn East-Jeropa. De nije regearingen stienen net langer mear efter it Warsjaupakt en yn jannewaris 1991 kundigen Tsjecho-Slowakije, Poalen en Hongarije oan dat sy fanôf 1 july it folgjende jier de organisaasje net mear stypje sille. Bulgarije folge yn febrewaris en al gau waard dúdlik dat it pakt syn langste tiid hân hie. Op 1 july 1991 waard it pakt offisjeel ûntbûn yn Praach.

Lidsteaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Útsein Joegoslaavje hawwe alle kommunistyske lannen it ferdrach tekene.

Leden fan it Warsjaupakt fan 1956 oant 1968.