Fort Worth

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fort Worth
FortWorthTexasSkylineW.jpg
Flagge Wapen
Flag of Fort Worth.png Fort Worth seal.jpg
Sifers
Ynwennertal 777.992 (2012)
Oerflak 904,4 km² (ynkl. wetter)
886,3 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 835,2 / km²
Stêdekloft 6.645.678 (2012)
Hichte 216 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Texas.svg Teksas
County Tarrant County,
Denton County,
Parker County,
Johnson County,
Wise County
Oar
Stifting 1849
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 32°45′27″N 97°19′60″W
Webside www.fortworthtexas.gov
De lizzing fan Fort Worth yn Tarrant County en yn 'e steat Teksas.

Fort Worth is de op fjouwer nei grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Teksas. It leit yn it flakke noardeastlike diel fan Teksas oan 'e rivier de Trinity, in streamke dat te ûndjip is foar skipfeart, en foarmet in twillingstêd mei it oangrinzgjende Dallas (ûnder de namme Dallas/Fort Worth). Fort Worth is fierders it haadplak fan Tarrant County, al lizze guon bûtenwiken yn it oanswettende Denton County, Johnson County, Parker County en Wise County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Fort Worth doe krapoan 780.000 ynwenners. De stêdekloft dêr't Fort Worth, Dallas, Arlington en oare plakken ta hearre, hie yn 2012 in befolking fan rom 6,6 miljoen minsken, wat it ta de op trije nei grutste agglomeraasje fan it lân makket. Fort Worth wie tusken 2000 en 2006 de fluchst groeiende stêd fan 'e Feriene Steaten.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Fort Worth is ferneamd nei generaal-majoar William Jenkins Worth (1794-1849), dy't oan it begjin fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, yn 1846, ûnder generaal Zachary Taylor, de lettere presidint fan 'e Feriene Steaten, tsjinne. Nei de oarloch waard Worth yn 1849 it befel jûn oer it militêr departemint Teksas. Yn jannewaris fan dat jier stelde er út om in rige fan tsien forten te bouwen oan 'e Teksaanske frontier (oftewol de foargrins fan 'e kolonisaasje). In moanne letter stoar er oan goalera. Syn opfolger, generaal William S. Harney, joech majoar Ripley A. Arnold befel om in gaadlik plak te sykjen foar de oanlis fan in fort oan 'e rivier de Trinity. Op 6 juny 1849 stifte Arnold dat fort en ferneamde it nei Worth. Hoewol't de krite om 'e Trinity hinne doedestiden noch net "pasifisearre" wie (dat wol sizze dat de Yndianen der noch net útroege of ferdreaun wiene, en dat de kâns op wapene ferset tsjin 'e kolonisaasje fan it gebiet sadwaande noch oanwêzich wie), setten har datselde jiers noch de earste kolonisten yn 'e neite fan it nije fort nei wenjen.

It stedhûs fan Fort Worth
Fort Worth by nacht.

Fort Worth wie in sliepperich lyts bûtenpostke oant it legindaryske Chisolm Trail derlâns útstippele waard. Dat wie de rûte dy't feeboeren út súdlik Teksas brûkten om harren slachtfee mear as 1.300 km nei it noarden te driuwen, dêr't it yn Abilene, yn 'e steat Kansas, op it spoar nei it Easten ta set waard. Tusken 1867 en 1871 waarden mear as oardel miljoen longhorns oer it Chisolm Trail dreaun. Troch de lokaasje fan Fort Worth oan dat stoffige feepaad koe it him ûntjaan ta in drok hannelsstedsje. (Dêrfandinne ek de longhorn-kop op 'e stedsflagge fan Fort Worth.) Doe't yn 'e iere 1870-er jierren de oanlis fan spoarlinen troch Teksas it opdriuwen fan fee hielendal nei Kansas ta oerstallich makke, sadat it Chisolm Trail yn ûnbrûk rekke, en doe't — wat slimmer wie — it nije spoar Fort Worth op in ôfstân fan 48 km passearre, wie it dien mei de ekonomyske groei. Der folge in leechrin, dy't noch fuortsterke waard troch de drege winter fan 1873, en neffens in stik dat yn 1875 yn 'e Dallas Herald ferskynde, wie it doe yn Fort Worth sa'n deade bedoening dat der op 'e strjitte foar de rjochtbank in poema (panther) lei te sliepen. Hoewol't dat bedoeld wie as in skimpskoat, waard it troch de Fortworthsters entûsjast omearme, sadat de stêd noch altiten wol fan Panther City neamd wurdt.

Yn 1876, doe't de Texas and Pacific Railway Fort Worth mei de rest fan it spoar ferbûn, kearde it tij, en fan dy tiid ôf wûn de stêd syn âlde plak yn 'e feehannel werom. De befolking naam eksplosyf ta, fral mei lju út it Amerikaanske Suden, dat der sûnt de Boargeroarloch noch altiten grutdiels ferrinnewearre hinne lei. De cowboys dy't it fee nei Fort Worth ta dreaun hiene, waarden fan harren soer fertsjinne jild ûntdien yn in stedsbuert dy't Hell's Half Acre kaam te hjitten, en dy't folstie mei kroegen (saloons) en bordelen. Dêr gie it der sa rûch oan ta, dat de froede boargers fan Fort Worth ien fan 'e meast ferneamde wetstsjinners fan it Wylde Westen, Timothy Isaiah Courtright, better bekend as Longhair Jim, ta harren marshal keazen. Tsjin 1900 hie Fort Worth likernôch 50.000 ynwenners, wêrfan't 7.000 eardere negerslaven en harren neikommelingen wiene.

Yn 'e tweintichste ieu woeks Fort Worth mei mei buorstêd Dallas, dat it finansjele sintrum fan 'e oaljeyndustry fan Teksas en Oklahoma wurden wie. De beide stêden groeiden úteinlik oaninoar fêst en waarden tenei suver út ien sike wei neamd. Op 28 maart 2000 rjochte in tornado yn it sintrum fan Fort Worth grutte skea oan. Fort Worth leit boppe-op in ûnbidich grut gasfjild, dêr't earder net by te kommen wie sûnder de stêd ôf te brekken. Underwilens is der lykwols technology ûntwikkele dy't horizontale gasboarrings mooglik makket, en sadwaande hawwe sûnt 2007 in protte Fortworthsters royaltys ûntfongen foar harren minerale rjochten.

It Fort Worth Museum of Science and History.

Fort Worth hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

Hjoed de dei hâldt Fort Worth noch altiten fêst oan syn Wyldwestbeërf troch tradysjonele arsjitektuer en ûntwerpen op oare mêden. De stêd stiet fierders bekend om it Kimbell Art Museum, dat in kolleksje moderne keunst hat dy't algemien beskôge wurdt as ien fan 'e bêsten fan 'e wrâld. Fierders binne yn 'e stêd op it mêd fan keunst it Modern Art Museum of Fort Worth en it Amon Carter Museum fêstige, op it mêd fan ûnderwiis de Texas Christian University en de Texas Wesleyan University, en op it mêd fan ûndernimmings sokke multinationals as helikopterprodusint Bell Helicopter, fleantúchfabrikant Lockheed Martin en loftfeartmaatskippij American Airlines.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Fort Worth hat in dampich subtropysk klimaat, al komme der yn dy omkriten ek droege, waarme winen út it noarden en westen foar, dy't benammen simmerdeis it kwik withoeheech oprinne litte kinne. Yn jannewaris hat de stêd oerdeis in trochsneed temperatuer fan 12,3 °C, yn july is dat 36 °C.

Berne yn Fort Worth[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.