Mark David Chapman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Mark David Chapman (Fort Worth (Texas), 10 maaie 1955) is de moardner fan John Lennon fan The Beatles. De moard barde om 22:50 oere op 8 desimber 1980 foar it Dakota gebou yn New York, dêr't Lennon wenne.

Chapman wie dêrfoar drugsbrûker, waard letter in werberne kristen en hat opnomd west yn in psychiatryske ynrjochting. De novelle The Catcher in the Rye fan J.D. Salinger hie grutte ynfloed op it libben fan Chapman. Hy identifisearre him mei de haadpersoan Holden Caulfield.

Chapman wie jierrenlang in Beatles-fan en yn it bysûnder fan John Lennon. Chapman rekke nei in senuwynstoartng sa obsedearre troch Lennon dat hy troude mei in Amerikaansk-Japanske frou omdat hja him tinken die oan Lennon syn frou Yoko Ono. Hy is noch altiten mei har troud.

Mark Chapman sit no yn de Attica State Prison yn de buert fan Buffalo, yn de steat New York. Sûnt 2000 kin hy elke twa jier om eardere frijlitting freegje, wat oant no wegere is troch de kommisje dy't oer syn detinsje giet.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Moordenaar John Lennon blijft vast, RTL Nieuws, 12 augustus 2008.