Buffalo (New York)

Ut Wikipedy
Buffalo
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat New York
County   Erie County
Sifers
Ynwennertal 259.384 (2012)
Oerflak 136 km² (ynkl. wetter)
105,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.568,8 / km²
Stêdekloft 1.134.210 (2012)
Hichte 183 m
Oar
Stifting 1801
Tiidsône UTC -5
Simmertiid UTC -4
Koördinaten 42°54′17″N 78°50′58″W
Offisjele webside
www.city-buffalo.com
Kaart
De lizzing fan Buffalo Erie County en
yn 'e steat New York.

Buffalo is nei de stêd New York de grutste stêd yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat New York. It is fierders ek it haadplak fan Erie County, en leit oan 'e eastlike útein fan 'e Earymar, ien fan 'e Grutte Marren, oan it begjin fan 'e rivier de Niagara, dy't de grins mei Kanada foarmet, lyk foar Fort Erie, yn Ontario, oer. De Niagara streamt fan Buffalo ôf nei it noarden oer de Niagarawetterfallen en dêrmei de Ontariomar yn. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Buffalo doe krapoan 260.000 ynwenners, wylst de stêdekloft mei Buffalo as sintrum, dêr't ek Niagara en Cattaraugus ta hearre, doe in befolking fan goed 1,1 miljoen minsken hie.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buffalo is wierskynlik neamd nei de Amerikaanske bizon, de buffalo ("buffel"), sa't de Amerikanen dy ornaris neame. Hoewol't der faak fan útgien wurdt dat de bizon nea safier eastlik foarkommen is, docht út histoaryske ferslaggen bliken dat Jeropeeske kolonisten út it gebiet fan 'e hjoeddeistige steat New York yn 'e santjinde en achttjinde iuw wol deeglik bekend wiene mei de bizon, en boppedat binne der waarnimmings fan dy grutte kobisten om 'e Grutte Marren hinne oerlevere.

De skyline fan Buffalo by sinne-ûndergong.

Buffalo ûntstie om 1789 hinne as in lyts hannelsstasjon oan 'e rivier de Buffalo. Foartiid hiene yn dy krite de Neutralen libbe, en letter de Irokezen, nei't dy de Neutralen oerwûn en assimilearre hiene. Foar de stifting fan Buffalo as in echte delsetting wurdt yn 'e regel it jier 1801 oanholden. Under de Oarloch fan 1812 waard Buffalo op 30 desimber 1813 platbaarnd troch de Britten.

Yn novimber 1825 waard de oanlis fan it Earykanaal foltôge, dat fan Albany, oan 'e rivier de Hudson, nei Buffalo ta rint, en dat de earste befarbere rûte fan 'e Atlantyske Oseaan nei de Grutte Marren ta wie. It Earykanaal wie in wichtige faktor by de kolonisaasje fan it noarden en midwesten fan 'e Feriene Steaten, en brocht yn Buffalo in grutte groei fan 'e ekonomy en de befolking tewei. Yn 1825 lei it ynwennertal om 'e 2.400 hinne; yn 1832 wie dat oanwoeksen ta 10.000. Datselde jiers krige Buffalo offisjeel de status fan stêd. Yn 'e 1840-er jierren groeide Buffalo troch, wat te tankjen wie oan 'e net-ôflittende stream fan passazjiers en fracht dy't fia de stêd oer de Grutte Marren nei it Westen ta fearn waarden. De haven fan Buffalo moast ferskate kearen útwreide wurde om al it ferkear oan te kinnen.

Yn deselde snuorje ûntjoech Buffalo him ek ta in sintrum fan 'e abolisjonistyske beweging, dy't him kearde tsjin it ynstitút fan 'e slavernij yn it Suden fan 'e Feriene Steaten. Troch syn lizzing, oan 'e grins, waard Buffalo ien fan 'e einpunten fan it saneamde Undergrûnske Spoar, in organisaasje dy't negerslaven út it Suden nei frijheid yn Kanada smokkele. Tsjin 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1865, hie Buffalo krapoan 95.000 ynwenners. Grover Cleveland, dy't yn 1882 boargemaster fan 'e stêd wie, waard neitiid twaris keazen ta presidint fan 'e Feriene Steaten (1885-1889 en 1893-1897).

Om 1900 hinne hie Buffalo in befolking fan 352.000 minsken, wat it ta de achtste stêd fan it lân makke. Fral in protte Dútske, Ierske, Italjaanske en Poalske ymmigranten setten har der nei wenjen. Doe wiene de fabriken yn 'e stêd guon fan 'e earsten yn 'e Feriene Steaten dy't op wetterkrêftenerzjy draaie koene, opwekke troch gebrûk te meitsjen fan 'e sterke streaming yn 'e rivier de Niagara. Om dyselde tiid hinne krige Buffalo ek syn bynamme City of Light ("Ljochtstêd"), fanwegen it iere netwurk fan elektryske strjitferljochting (ek wer mooglik makke troch wetterkrêft). Yn 1901 waard de Amerikaanske presidint William McKinley delsketten en deadlik ferwûne troch de anargist Leon Czolgosz op 'e Panamerikaanske Tentoanstelling yn Buffalo. Hy stoar dêre acht dagen letter, en syn fise-presidint Theodore Roosevelt folge him op as presidint.

Bluossemjende beammen yn Buffalo.

Yn 'e tweintichste iuw ûntjoech Buffalo him ta in knooppunt fan it Amerikaanske spoarnetwurk en ta de grutste nôtferwurkingsstêd. Yn 1927 waard de Peace Bridge iepene, dy't Buffalo mei it Kanadeeske Fort Erie ferbûn, en dy't neamd wie nei de doe mear as hûndertjierrige frede tusken de Feriene Steaten en Kanada. Nei de swierrichheden fan 'e Krisisjierren gie it Buffalo ûnder de Twadde Wrâldoarloch op ekonomysk mêd tige by tige foar de wyn, fanwegen it grutte tal fabriken yn 'e stêd, en de hege produksje fan û.m. munysje dy't de oarlochsbefoarrieding easke. Yn 'e fyftiger jierren rekke Buffalo lykwols wer yn 'e nederklits doe't de stêd yn in post-yndustriële krisis kaam dy't noch oanboaze trochdat yn 1957 de Sint-Lourensseewei ree kaam. Dat nije kanaal bea fia Kanada in koartere rûte nei see as it âlde Earykanaal, dat sadwaande yn ûnbrûk rekke. Sa waard de stêd tagelyk fan syn beide wichtichste ekonomyske pylders berôve, de swiere yndustry en de trochfier. Fan 1950 ôf begûn de befolking omleech te gean, in trent dy't him noch altiten fuortset. Alle maatregels en renovaasjeprojekten dy't it stedsbestjoer fral sûnt 2000 trochfierd hat, hawwe datoangeande noch gjin fertuten dien.

De Peace Bridge, dy't Buffalo ferbynt mei Fort Erie, yn Ontario.

Op 14 maaie 2022 waarden by in sjitpartij yn Buffalo tsien minsken deasketten en rekken trije oaren ferwûne, doe't in blanke man út rasistyske motiven it fjoer iepene op swarte klanten fan in supermerk.

Buffalo hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei is Buffalo it sintrum fan westlik New York, mei in ekonomy dy't basearre is op finansjele tsjinsten, technology, sûnenssoarch en ûnderwiis. Wat dat lêste oangiet is benammen de Universiteit te Buffalo, De Steatsuniversiteit fan New York (SUNY) fan belang. Buffalo is fierders de thúsbasis fan it honkbalteam de Buffalo Bisons, it iishockeyteam de Buffalo Sabres, it Amerikaansk fuotbalteam de Buffalo Bills en it lacrosseteam de Buffalo Bandits.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynwennertal fan Buffalo giet al mear as sechstich jier stiiffêst omleech. Yn 1950 berikte it in hichtepunt mei 580.000 minsken. Dêrnei sette de delgong yn, al giet dy de lêste desennia wol hieltyd stadiger: 533.000 yn 1960; 463.000 yn 1970; 354.000 yn 1980; 328.000 yn 1990; 293.000 yn 2000; 261.000 yn 2010; en 259.000 yn 2012. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, wie dy neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 sa: 45,8% blanken; 38,6% swarten; 10,5% Latino's; 3,2% Aziaten; 0,8% Yndianen; 1,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De binnenstêd fan Buffalo.
In typyske winterdei yn Buffalo.

Berne yn Buffalo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It resultaat fan 'e Sniestoarm fan 1977.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buffalo hat in frij fochtich lânklimaat, mar mei dúdlike ynfloeden fan in seeklimaat fanwegen de matigjende ynfloeden fan 'e Grutte Marren. De maityd en de hjerst binne yn Buffalo tige koart; de winters binne lang en duorje fan mids novimber oant mids maart. Buffalo hat de namme dat der in soad snie falt, mar it is mar selden it snieïchste plak yn 'e steat New York. Dochs falt der yn trochsneed goed 244 sm, ferdield oer de hiele winter. Dêr stiet foaroer dat Buffalo de sinnichste en drûchste simmers hat fan alle stêden yn it Amerikaanske noardeasten. As der simmerdeis rein falt, bart dat almeast nachts. Yn jannewaris, de kâldste moanne fan it jier, hat de stêd oerdeis in trochsneed temperatuer fan –0,4 °C, wylst dat yn 'e waarmste moanne, july, 26,6 °C is. Rekôrtemperatueren wiene –29 °C op 9 febrewaris 1937 en 2 febrewaris 1961, en 37 °C op 27 augustus 1948.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.