John Lennon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
John Lennon oefenet Give Peace A Chance

John Winston Lennon (Liverpool, 9 oktober 1940New York City, 8 desimber 1980) wie in popmuzikant dy't bekend waard as oprjochter fan de Liverpoolse groep The Quarrymen, dy letter bekend waard as The Beatles. Tegearre mei Paul McCartney, George Harrison en Ringo Starr hie Lennon mei de groep in wichtige rol yn de popmuzyk.

Famylje eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

De famyljenamme fan Lennon komt fan O'Leannain of O'Lionnain, in namme dy't in protte foarkomt yn de Ierske greefskippen Fermanagh en Galway. De pakesizzer fan Jack Lennon wie yn 1858 nei Liverpool ferfarre. En John syn heit Alfred hie in goede stim en song om jild by te fertsjinnen.

John Lennon waard berne yn Liverpool (yn tsjinstelling fan wat dêr oer beweard wurdt barde dat net tidens in Dútske loftoanfal), as soan fan de steward Alfred Lennon en Julia Stanley, neffens eigen sizzen in ouvreuse. Syn heit wie faak moannen op see en gie yn Nij-Seelân wenje doe't John fiif jier âld wie, pas yn 1964 soenen sy elkoar weromsjen.

Lennon wenne sûnt syn fjirde jier by de suster fan syn mem, Mimi. Neffens de beppe fan Lennon soe Mimi in bettere âlder foar him wêze as Julia. Mimi wie in goed minsk mar John sei fan har dat sy tige strang wie en him net folle leafde joech. Op 15 july 1958 waard syn mem deariden troch in dronken plysjeman.

Julian en Sean Lennon, de soannen fan John hawwe mei wikseljend sukses in muzikale karriêre hokker folslein oerskade wurden is troch de artistike erfenis fan harren heit. Beiden krige lykwols net folle fysike stipe fan him: doe't Julian noch in lytse jongen wie ferlite John syn mem Cynthia Powell om nea mear werom te kearen en Sean wie fiif doe't John fermoarde waard.

The Beatles[bewurkje seksje | edit source]

Lennon yn The Beatles yn 1964

Lennon die bliken in markant figuer yn de popmuzyk te wezen. Doe't de Beatles healwei yn de jierren sechstich besluten har út te sprekken oer maatskiplike fraachstikken en foarfallen yn de wrâld (bygelyks Fietnam), tsjin de sin yn fan manager Brian Epstein, ûntwikkele Lennon him ta sprekbús fan in generaasje.

John Lennon feroarsake in ynternasjonale rel en in boykot fan de Beatles troch in ynterview mei de Evening Standard. "The Beatles binne populêrder as Jezus Kristus", bewearde hy, wat him net allinnich op in platenboykot yn de FS kaam te stean, mar ek op in eterboykot yn Nederlân troch de NCRV.

Lennon kaam hieltyd mear ûnder ynfloed fan de avant-garde-keunstenares Yoko Ono. Hy ferlit syn doetiids frou Cynthia Powell en troude yn maart 1969 mei Yoko Ono. Syn eardere houwlik mei Cynthia datearet fan 23 augustus 1962. Sy hienen ien soan, Julian.

Under ynfloed fan Ono waard Lennon radikaler yn dwaan en litten, en makke stadichoan in beweging nei links. Yn 1968 naam er bygelyks it nûmer Revolúsje op mei de Beatles. De harde singlefersje (de B-kant fan Hey Jude) wie al dúdlike útsprutsen, mar yn de sêftere elpeefersje op The White Album (dy earder opnommen wie) toande hy sûnder twifel de rjochting oan dêr't hy hinne gie. "We all want to change the world/but when you talk about destruction/don't you know that you can count me out" waarbij yn it nûmer it lêste wurd feroare yn yn. In novimber fan dat jier joegen Johnandyoko (sy segen inoar as in ienheid) de elpee Two Virgins út mei in bleatfoto as hoes. De muzyk, as dêr noch fan sprekke wurde kin, waard hieltyd obskuerder. The White Album befette al in net tagonklike lûdskollage fan Lennons hân yn (Revolution 9); The Wedding Album (1969) befette opnames fan harren hertslagen mei om en om harren foarnammen skriuwd. Live with the Lions (1969) befette opnames fan allinnich mar stilte.

Doe't de Beatles stadichoan opholden te bestean, gong Lennon solo en spruts him noch mear út. Yn maart 1969 bleaunen John en Yoko by wize fan houwliksreis in wike lang (fan 25 maart oant en mei 31 maart) ybed yn keamer 902 yn it Amsterdamske Hilton Hotel (de "Bed-In"), sy woenen dêrmei de wrâldfrede promoasje en protestearen tsjin de oarloch yn Fietnam. De bylden hellen de foarsiden fan de kranten oer de hiele wrâld.

Yn july 1969 waard de anty-oarlogsmantra Give peace a chance útbrocht dy't opnommen is tidens harren twadde Bed-In (neffens guoan harren tredde, na in misleare Bed-In op de Bahama's) yn it Queen Elizabeth Hotel yn Montréal (Kanada). Yn oktober brocht John mei de Plastic Ono Band de klassiker Cold Turkey út, en yn novimber stjoerde hy syn medaille (Member of the Order of the British Empire) werom as protest tsjin de kriich yn Biafra. In febrewaris 1970 skoar Lennon syn burd en knipte syn lange hier ôf en brocht Instant Karma!út.

Solo[bewurkje seksje | edit source]

Neidat de Beatles yn april 1970 foarfêst út elkoar giene, gong Lennon fierder op it paad dat troch de Beatles ynslagge wie. Yn it klassike album John Lennon/Album Plastic Ono Band, wie Lennon op siik nei himsels yn pleats fan John de Beatle. Yn dy tiid wie hy dêrfoar yn terapy by de Amerikaanske psygolooch Arthur Janov, dy't fan tinzen wie dat opboude frustraasje befrijd wurde koene troch skreauwe: de 'oerskreauw'. Yn Mother skreaut Lennon dan ek om it ferlies fan syn mem. Yn God ferklearet hy úteinlik 'I don't believe in Beatles/I just believe in me/ Yoko and me/And that's reality/The dream is over.' Letter, yn 1971, brocht Lennon Imagine út.

De folgjende elpees gienen neffens in protte kritisy in nivo wat tebek. Yn 1975 brocht Lennon noch Rock and Roll út, in samling rock 'n roll-nûmers, as foldwaning oan Chuck Berry dy't mei sukses klaimde dat Come Together út 1969 wol hiel bot like op syn eigen nûmer You Can't Catch me.

John Lennons appartemint yn New York

Yn it begjin fan de jierren santich beslute John en Yoko harren yn New York te festigjen en frege om in ferbliuwsfergunning. Sy kamen yn oanfarring mei de regearing-Nixon dy't Lennon as in polityk gefaar beskôge en him ek folge litte troch de geheime tsjinst. In jierrenlange juridyske striid wie it gefolch. Neidat Nixon yn 1974 troch de Watergateskandaal it fjild romje moast, krige Lennon yn 1976 einlik syn Green Card.

Yn 1975 skreau Lennon noch tegearre mei David Bowie Fame, en luts him doe werom om him te rjochtsjen op de opfieding fan syn soan Sean. Hy skreau noch wol wat songs en makke inkele demo's, mar wie net bot aktyf mear mei opnames.

Yngong fan it Dakota-gebou dêr't Lennon op 8 desimber 1980 fermoarde waard.

Yn 1979 kundige Lennon oan wer in nije plaat te meitsjen wolle. Dy plaat ferskynde yn de hjerst fan 1980. It album, Double Fantasy, die ynearsten net folle. Kritisy sieten te wachtsjen op in Lennon dy't sy koenen mar dy hearden sy net, ek al omdat Lennon oankundige hie dat er wer de strjitte op gean woe om te demonstrearen. De plaat toant lykwols in Lennon dy't syn wylde hieren kwyt rekke is, dy lietsjes singt oer syn leafde foar Yoko Ono (Dear Yoko, en Woman) en syn soantsje Sean (Beautiful Boy (Darling Boy)). Hy singt oer it werom dat er út de muzykwrâld stapt wie (Watching the Wheels).

Lennons dea[bewurkje seksje | edit source]

Syn weromkomst yn de muzyk wie lykwols fan koarte djoer: op 8 desimber 1980, om tsien minuten foar alve yn de jûn waard Lennon foar syn hús yn it Dakota gebou oan 72nd Street fermoarde troch Mark David Chapman mei in .38 Charter Arms-revolver. Lennon waard noch yn in plysjeauto nei it sikehûs brocht, mar hie al safolle blied ferlern dat er koart dêrnei ferstoar. Lennon waard op 10 desimber kremeare yn Ferncliff Crematory yn Ardsley, New York. Yoko Ono hat oant en mei de dei fan hjoed noch sizze wolle wat er met de as fan Lennon bard is.

Nei de dea op Lennon stige Double Fantasy oer de hielle wrâld nei de top fan de ferkeaplisten. Twa singels fan it album, (Just Like) Starting Over en Woman, waarden grutte hits, lykas it âldere Imagine. De moard op Lennon brochten lykwols geroften op gong dat de dea fan Lennon it wurk west wie fan de Amerikaanske oerheid dy't beduchte wêze soe foar de ynfloed dy't Lennon noch hawwe soe op it publiek.

Nei de moard ferskine fan Lennon sa no en dan op de hitparade as er âlde opnamen útbrocht waarden. Yn 1984 ûnder mear Nobody told me fan it album Milk and Honey en yn 1992 Instant Karma! ter gelegenheid fan in reklame kommersjal foar Nike-sportskoanen.

Yn 2007 waard de film Chapter 27, oer de moard op Lennon útbrocht, fanút it eachpunt fan de moardner. Lennon-fans hawwe tsjin dizze film protesteare, omdat se bang wienen dat Chapman de wrâld yn gean soe as in held. De film hie gjin sukses.

Earbetoan[bewurkje seksje | edit source]

Yn Central Park, tsjinoer it appartemint fan Lennon en Yoko Ono waard letter in wertinkingsmonumint oprjochte: Strawberry Fields.

Yn Havana, Kuba, stiet in stânbyld fan Lennon.

Yn 2001 waard it fleanfjild fan Liverpool werneamd ta Liverpool John Lennon Airport.

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

Soloalbums[bewurkje seksje | edit source]

  • Unfinished Music No. 1 - Two Virgins (1968)
  • Unfinished Music No. 2 - Life with the Lions (1969)
  • Wedding Album (1969)
  • Live Peace in Toronto (1969)
  • John Lennon/Plastic Ono Band (1970),
  • Imagine (1971)
  • Some Time in New York City (1972)
  • Mind Games (1973)
  • Walls and Bridges (1974)
  • Rock 'n' Roll (1975)
  • Shaved Fish (1976)
  • Double Fantasy (1980)
  • The John Lennon Collection (1982)
  • Milk and Honey (1984)
  • Live in New York City (1986)
  • Menlove Avenue (1986)
  • Imagine John Lennon (Soundtrack) (1988)
  • Lennon Legend (1998)
  • John Lennon Anthology (1998)
  • Wonsaponatime (1998)
  • Acoustic (2004)
  • The Definitive Lennon; Working Class Hero (2005)
  • Lennon Legend (Limited Edition) (2007)

Hitsingles[bewurkje seksje | edit source]

  • Instant karma (1970) mei Plastic Ono Band
  • Mother (1971) mei Plastic Ono Band
  • Power to people (1971)
  • Imagine (1971)
  • Woman is the nigger of the world (1972) mei Plastic Ono Band
  • Mind games (1973)
  • Whatever gets you thru the night (1974)
  • Nr. 9 dream (1975)
  • Starting over (1980)
  • Woman (1981)
  • Nobody told me (1984)

Video/dvd[bewurkje seksje | edit source]

  • Imagine (1988)
  • Lennon Legend (1997)
  • Gimme Some Truth (2000)
  • The Mike Douglas Show with John Lennon & Yoko Ono (2002)
  • Give Peace a Chance (2002)
  • The Messenger (2002)
  • Sweet Toronto (2002)
  • Year of Peace (2003)
  • LENNON LEGEND the very best of john lennon (2003)
  • The Dick Cavett Show:John & Yoko Collection (2005)
  • Remembering John&Yoko (2005)
  • Killing a Beatle (2005)
  • The U.S. vs. John Lennon (2006)
  • Chapter 27 (2007)
  • Lennon Legend (Limited Edition) (2007)

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Albert Goldman: The lives of John Lennon, 1988.
  • Jann Wenner: "Lennon Remembers"
  • Robert van Yper: "Lennon", 2005 – yllustreare mei swart-wyt foto’s - (tegearre mei de kd "Imagine No John Lennon – A Tribute", dêr't yn totaal 22 troch ferskate artiesten opnommen Lennonsongs op stien).
  • Larry Kane: "John Lennon. De man, de mythe en de waarheid", 2005.
  • Cynthia Lennon: "John", 2005.
  • Philip Norman: "John Lennon, De definitieve biografie", 2008