Richard Nixon
Richard Milhous Nixon (* 9 jannewaris 1913 yn Yorba Linda, Kalifornje; † 22 april 1994 yn New York) wie in Amerikaanske politikus fan de Republikeinske Partij en wie yn it tiidrek 1969 - 1974 de 37e Presidint fan de Feriene Steaten. Oant no ta wie Nixon de iennichste presidint dy't foar syn amtstermyn ophâlde moast. Reden wie de Watergate-Affêre.
Hy wie opfolger fan Lyndon B. Johnson en foargonger fan Gerald Ford, dy't him yn't foar graasje joech, in sriidkwestje. Yn 1960 waard Nixon Republikeinsk kandidaat foar it presidintskip, mar ferlear fan John F. Kennedy. De ferkiezings fan 1968 waarden troch him wûn en hy waard ferkeazen ta presidint. Yn de Feriene Steaten fierde hy in evenredige binnenlânske polityk rjochte op werstel fan 'law and order'. Syn bûtenlânske polityk waard foar in grut part mei-bepale troch Henry Kissinger. Hja stribben nei beëinigjen fan de kriich yn Fietnam (Fietnamkriich) en taneiering mei Sina.
Yn 1972 waard Nixon werkeazen as presidint. De saneamde Watergate-affêre taaste syn yntegriteit sa bot oan dat hy ôftrêde moast (9 augustus 1974).
[bewurkje seksje] De wichtichste fertsjinsten fan Nixon:
- Normalisaasje fan it diplomatike ferkear mei de kommunistyske Folksrepublyk Sina.
- Oprjochting fan de Environmental Protection Agency, in agintskip foar de beskerming fan de minslike sûnens en omgeving.
- Oprjochting fan de Drug Enforcement Administration, in agintskip foar bestriding fan it yllegale fersprieden fan narkoatika.
- It weromlûken fan Amerikaanske troepen út Fietnam.
- De oanset ta it Space Shuttleprogramma.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Taspraken fan Richard Nixon binne te lêzen en te belústerjen op it webstee History and Politics Out Loud.