John F. Kennedy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
John F. Kennedy

John F. Kennedy ( Brookline, Massachusetts, 29 maaie 1917 - Dallas, (Texas), 22 novimber 1963 ), wie in Amerikaansk steatsman fan Ierske komôf, waard yn 1952 foar de Demokratyske Partij senator. Hy wie de earste roomsk-katolike presidint fan de Feriene Steaten.

Yn 1960 waard hy Demokratysk kandidaat foar it presidintskip; hy wûn mei in hiel smelle marzje fan Richard Nixon. Yn 1962 wist hy Chroesjtsjov te twingen de bewapening fan Kuba mei geheime raketten te staken. Syn stribjen nei herfoarmings op binnenlânsk gebiet, de New Frontier, waard dwersbongele troch it "Congres". Hy makke in begjin mei de wet op de boargerrjochten, wêrby de posysje fan de neger struktureel ferbettere wurde soe. Op 22 novimber 1963 waard Kennedy te Dallas fermoarde. Inkele dagen letter waard de fan de moard op Kennedy beskuldige Lee Harvey Oswald delskeaten. De broer fan Kennedy, Robert Francsis Kennedy, wie fan 1961 oant 1964 minister fan Justysje en kaam ek by in oanslach om it libben.



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen