Robert Kennedy

Ut Wikipedy
Robert Kennedy
politikus
echte namme Robert Francis Kennedy
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 20 novimber 1925
berteplak Brookline (Massachusetts
stjerdatum 6 juny 1968
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
dynasty Kennedy-famylje
etnisiteit Iersk
partij Demokratyske Partij
Amerikaansk senator foar New York
amtsperioade 19651968
foargonger Kenneth Keating
opfolger Charles Goodell
Amerikaansk minister fan Justysje
amtsperioade 19611964
foargonger William P. Rogers
opfolger Nicholas Katzenbach

Robert Kennedy, ropnamme: Bobby; folút: Robert Francis Kennedy, en ek wol bekend ûnder syn inisjalen RFK (Brookline (Massachusetts), 20 novimber 1925Los Angeles (Kalifornje), 6 juny 1968), wie in Amerikaansk jurist, politikus en presidintskandidaat fan roomsk Iersk komôf. Hy wie in jongere broer fan 'e Amerikaanske presidint John F. Kennedy, en wie ûnder dy yn regear fan 1961 oant 1964 minister fan Justysje. Fan 1965 oant 1968 siet er foar de steat New York yn 'e Amerikaanske Senaat. Hy stie bekend om syn frijsinnige politike opfettings en wie ien fan 'e wichtichste kandidaten om foar Demokratyske Partij mei te dwaan oan 'e presidintsferkiezings fan 1968. Op 5 juny fan dat jier, doe't er yn Los Angeles op kampanje wie, waard er delsketten troch Sirhan Sirhan, en koart nei midsnacht de oare deis ferstoar er; hy waard 42 jier.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert Kennedy waard yn 1925 berne yn Brookline, yn 'e steat Massachusetts, as de trêde soan fan sakeman en politikus Joe Kennedy (1888-1969) en filantrope Rose Elizabeth Fitzgerald (1890-1995), in dochter fan John F. Fitzgerald (1863-1950), de boargemaster fan Boston. Alle fjouwer fan Kennedy syn pakes en beppes wiene bern fan Ierske ymmigranten. Kennedy groeide op as de sânde fan njoggen bern: fiif famkes en fjouwer jonges. Syn âldste broer Joe Kennedy kaam om yn 'e Twadde Wrâldoarloch, syn oare âldere broer wie John F. Kennedy, de lettere presidint (dy't yn 1963 fermoarde waard), en syn jongere broer wie Ted Kennedy, dy't desennia lang senator foar Masschusetts wie.

De bruorren Kennedy op in rychje: John, Robert en Ted.

Syn earste twa jier brocht Kennedy troch yn Brookline; dêrnei wenne it gesin twa jier yn 'e Newyorkske wyk de Bronx, en yn 1929 ferhuzen se nei Bronxville, yn 'e steat New York. Syn ûnderwiis genoat er oan in opienfolging fan jongesskoallen yn Bronxville, oant er yn maart 1938, doe't er tolve jier wie, mei syn mem en fjouwer jongste bruorren en susters nei de Britske haadstêd Londen ferfear, dêr't syn heit doe de Amerikaanske ambassadeur wie. In jier letter, krekt foar it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch, kearden se nei de Feriene Steaten werom, dêr't er syn oplieding fuortsette oan ferskate ynternaten yn Nij-Hampshire, Rhode Island en Massachusetts. Yn 1943, seis wiken foar't er achttjin jier waard, naam Kennedy tsjinst by de reserve fan 'e Amerikaanske Marine, mar krige ûntheffing fan aktive tsjinst oant er yn 1944 syn middelbere skoalle ôfrûne hie. Hy folge in oplieding ta marine-ofsier oan it Bates College yn Lewiston, yn Maine, en oan 'e Universiteit fan Harvard, te Cambridge, yn Massachusetts, en tsjinne fan febrewaris oant maaie 1946 op 'e nei syn âldste broer neamde torpedoboatjager USS Joseph P. Kennedy, Jr., foar't er earfol ûntslein waard.

Neitiid begûn er in stúdzje oan Harvard, dêr't er yn maart 1948 ôfstudearre mei in bachelorstitel. Nei in rûnreis fan in healjier troch Jeropa en it Midden-Easten sette er syn stúdzje fuort oan 'e rjochteskoalle fan 'e Universiteit fan Firginia, yn Charlottesville, dêr't er yn juny 1951 ôfstudearre as in master yn de rjochten. Yn it neijier fan 1951 makke er in rûnreis troch Aazje mei syn suster Patricia en syn âldere broer John F. Kennedy. Om't se acht jier skeelden, hied er foartiid net in protte gedoente mei syn broer hân, en dit wie de earste kear dat se inoar echt kennen learden.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert Kennedy.

Iere politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber 1951 sette Robert Kennedy útein mei te wurkjen as jurist foar it Amerikaanske Ministearje fan Justysje, yn Washington, D.C. Yn febrewaris 1952 waard er oerpleatst nei de New Yorkske wyk Brooklyn, en yn juny naam er ûntslach om kampanjelieder te wurden foar syn broer John F. Kennedy, dy't dat jiers (mei súkses) besocht in sit yn 'e Amerikaanske Senaat te bemachtigjen. Yn desimber 1952 waard Robert Kennedy op oanstean fan syn heit troch de Republikeinske senator Joseph McCarthy beneamd as assistint-juridysk adviseur fan it Permaninte Subkomitee fan de Amerikaanske Senaat oangeande Undersiken (dat om 1950 hinne de heksejacht op kommunisten yn 'e Feriene Steaten bewurkmastere). Fan july 1953 oant febrewaris 1954 wied er assistint fan syn heit, mar dêrnei kearde er werom as juridysk adviseur by Subkomitee fan 'e Senaat.

Under de presidintsferkiezings fan 1956 wurke Robert Kennedy as assistint foar de Demokratyske kandidaat Adlai Stevenson II, al stimde er sels op Dwight Eisenhower, dy't dat jiers werkeazen waard ta presidint. Fan 1957 oant 1959 wied er juridysk adviseur fan it senaatskomitee dat ûndersyk die nei fraude en korrupsje by de fakbûnen, wêrby't it ûnder it tsjûgenis fan fakbûnslieder Jimmy Hoffa ta in beruchte en dramatyske konfrontaasje tusken dyselde en Kennedy kaam. Ein 1959 naam Kennedy op 'e nij ûntslach, diskear om 'e lieding oer de presidintskampanje fan syn broer John F. Kennedy op him te nimmen.

Minister fan Justysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't John F. Kennedy de ferkiezings fan 1960 wûn hie, beneamde er Robert Kennedy ta minister fan Justysje. Der wurdt sein dat presidint Kennedy dat earst net woe, mar dat syn heit, famyljepatriarch Joe Kennedy sr., it him oplei. Yn 't earstoan waard Robert Kennedy syn ministerskip rûnom beskôge as in foarm fan nepotisme, mar al rillegau die bliken dat er bysûnder geskikt wie foar dat amt. Teffens is neitiid fêststeld dat gjin inkeld Amerikaansk minister fan Justysje foar of nei Kennedy ea sa'n macht útoefene hat (wat benammentlik it gefolch wie fan it simpele feit dat er de broer fan 'e presidint wie en dêrmei dy syn folsleine fertrouwen hie). Njonken syn rol as minister wied er ek syn broer syn neiste riedsman, dy't troch de presidint yn alle grutte beslissings belutsen waard, oft dy no wat mei justysje te krijen hiene of net. Sa arbeide Robert Kennedy nau mei syn broer op by de mislearre Ynfaazje fan de Bargebaai, yn Kuba, wêrby't in legerke fan rjochtse politike Kubaanske ballingen mei help fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA op 'e Kubaanske kust besocht te lânjen. En ek ferfolle er in krúsjale rol yn 'e Berlynkrisis fan 1961, doe't de Russen de Berlynske Muorre bouden, en yn 'e Kubakrisis fan 1962, doe't de Sovjet-Uny nukleêre wapens op Kuba stasjonearje woe.

Robert Kennedy sprekt bûten it Ministearje fan Justysje yn Washington, D.C. in kliber folk ta (1963).

As minister fan Justysje fierde Kennedy in ûnmeilydsume en oanhâldende striid mei de organisearre misdie yn 'e Feriene Steaten, fral de Italjaanske maffia. Under syn ministerskip giene de feroardielings fan lju dy't behelle wiene yn 'e organisearre misdie mei 800% omheech. De deilisskip tusken Kennedy en fakbûnsman Jimmy Hoffa, dy't ek konneksjes mei de maffia hie, begûn op in stuit suver op in persoanlike fendetta te lykjen, oant Hoffa yn 1964 efter de traaljes ferdwûn.

Op it mêd fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging stie Robert Kennedy, noch mear as syn broer de presidint, oan 'e kant fan Martin Luther King-en-dy. Hy koe lykwols út politike omtinkens net altiten foar syn persoanlike opfettings útkomme, en hie fierders te krijen mei FBI-sjef J. Edgar Hoover, dy't King beskôge as in rûzjesykjende dwersbongel en alles yn syn macht die om 'e boargerrjochtebeweging ûnder fuotten te heljen. Robert Kennedy soarge der persoanlik foar dat korrupte Súdlike ferkiezingsamtners, dy't wegeren en skreau swarte kiezers yn, ferfolge waarden; hy skille midden yn 'e nacht mei King syn frou Coretta Scott King nei't har man by demonstraasjes yn Alabama oppakt wie; hy die syn bêst om Hoover syn ûndersyk nei King syn kommunistyske konneksjes yn 'e tsjillen te riden (al wie dat foar in part ek ynjûn troch polityk eigenbelang); en hy bekritisearre sels fise-presidint Lyndon B. Johnson, om't dy de rasseskieding yn 'e fise-presidinsjele stêf noch altyd net opheft hie.

Senator[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de moard op presidint Kennedy, op 22 novimber 1963, dy't foar him as in freeslike skok kaam, bleau Robert Kennedy noch in hoart oan as minister ûnder it regear fan Lyndon B. Johnson, dy't doe as fise-presidint ynsward waard ta presidint. Njoggen moannen letter ferliet er it kabinet lykwols om him ferkiesber te stellen foar ien fan 'e beide senaatssitten fan 'e steat New York. By de ferkiezings fan 1964 fersloech er de sittende Republikeinske senator Kenneth Keating. As senator loek er him it lot oan fan 'e Afro-Amerikanen en oare ûnderdrukte minderheden, lykas de Yndianen en beskate ymmigrantegroepen. Hy sette de Demokratyske Partij ûnder druk om in agressiver belied te fieren tsjin alle foarmen fan rasisme en diskriminaasje. Yn 1966 besocht er Súd-Afrika, dêr't er him fûleindich tsjin it apartheidsrezjym kearde yn in tiid dat de measte bûtenlânske politisy har leaver de fingers net brâne woene oan ynterne Súdafrikaanske oangelegenheden.

Robert Kennedy mei Martin Luther King, yn juny 1963.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert Kennedy boaske op 17 juny 1950 te Greenwich, yn Konnetikut, oan Ethel Skakel, de dochter fan sakeman George Skakel. Hja krigen mar leafst alve bern (wêrfan't de lêste, Rory, te wrâld kaam yn desimber 1968, sân moanne nei har heite dea):

Robert Kennedy wie in djip leauwich lid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, hoewol't er troch de konservativen binnen dy tsjerke as in radikaal beskôge waard. Fierders wied er, fral yn 'e lêste jierren fan syn libben, in grut leafhawwer fan Aldgrykske literatuer, yn it bysûnder fan it wurk fan Aiskylos. Ek wied er in foarstanner fan it brûken fan 'e keunsttaal Esperanto. Dêroer seid er: "It is te ferwachtsjen dat in neutrale taal in soad bestjutte kin foar de kommunikaasje tusken de lannen fan 'e wrâld. It Esperanto is op dat mêd al lange tiid de foarnaamste kandidaat."

It grêf fan Robert Kennedy op it Nasjonaal Begraafplak Arlington.

Moard[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Kennedy oarspronklik net fan doel west hie om him yn 1968 yn 'e foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij kandidaat te stellen foar it Amerikaanske presidintskip, mei't er tocht dat er gjin reälistyske kâns makke tsjin 'e sittende presidint Johnson, liet er him úteinlik op oare gedachten bringe troch de brieven dy't er krige fan syn oanhingers en fan tsjinstanners fan 'e Fjetnamoarloch, en troch it besyk dat er yn Kalifornje brocht oan 'e boargerrjochte-aktivist César Chávez. Hy makke syn kandidaatskip bekend op 16 maart 1968, en fierde in kampanje rjochte op binnenlânske rasiale en ekonomyske rjochtfeardigens en in bûtenlânsk belied basearre op non-agresje.

Op 4 juny boekte Kennedy in grutte oerwinning yn 'e foarferkiezing yn Kalifornje. Koart nei midsnacht, op 5 juny 1968, joech er in taspraak oan syn oanhingers yn 'e balseal fan it Ambassador Hotel yn Los Angeles, en neitiid gied er dêr troch de kokens werom nei syn keamer om't men him ferteld hie dat dat in koarter paad wie, ek al hie syn liifwacht, FBI-agint Bill Barry, it him ûntret. Yn 'e smoarfolle kokens waard er opwachte troch de 24-jierrige Palestyn Sirhan Sirhan, dy't it fjoer op him iepene mei in kaliber .22 revolver. Kennedy waard trije kear rekke en fiif oaren rûnen ek skotwûnen op, ear't Sirhan syn wapen ûntwraksele wurde koe. Kennedy waard halje-trawalje nei it Good Samaritan Hospital ta brocht, dêr't er likernôch 24 oeren letter, yn 'e iere moarn fan 6 juny, oan syn ferwûnings stoar. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, fuort bûten Washington, D.C., yn Firginia, deunby syn broer John F. Kennedy.

Yn 1998 waard in dollarmunt útjûn mei it byltnis fan Robert Kennedy op 'e iene kant en de emblemen fan it Ministearje fan Justysje en de Amerikaanske Senaat op 'e kearside. Op 20 novimber 2001, syn 76ste bertedei, werdoopten de Amerikaanske presidint George W. Bush en minister fan Justysje John Ashcroft yn in feestlike seremoanje it gebou fan it Ministearje fan Justysje yn Washington D.C. ta it Robert F. Kennedy Department of Justice Building.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.