Spiro Agnew

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Spiro Theodore Agnew
Spiro Agnew.jpg
Nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
Berteplak Baltimore (Marylân)
Bertedatum 9 novimber 1918
Stjerplak Berlin (Marylân)
Stjerdatum 17 septimber 1996
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
Amtsperioade 19691973
Foargonger Hubert Humphrey
Opfolger Gerald Ford
Gûverneur fan Marylân
Amtsperioade 19671969
Foargonger J. Millard Tawes
Opfolger Marvin Mandel
Grytman fan Baltimore County
Amtsperioade 19621966
Foargonger Christian H. Kahl
Opfolger Dale Anderson

Spiro Agnew, útspr.: /'spɪrou 'æɡnju:/ (folút: Spiro Theodore Agnew; Baltimore (Marylân), 9 novimber 1918Berlin (Marylân), 17 septimber 1996), wie in Amerikaansk politikus, jurist, sakeman en skriuwer fan mingd Gryksk-Amerikaansk etnysk komôf. Hy tsjinne fan 1969 oant 1973 as fise-presidint ûnder Richard Nixon en rekke yn dy hoedanichheid behelle yn it Watergate-skandaal, mar hy moast úteinlik ôftrede fanwegen finansjele misdriuwen dy't dêr los fan stiene. Hy waard opfolge troch Gerald Ford.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Jonkheid, oplieding, militêre tsjinst en gesin[bewurkje seksje | edit source]

Agnew waard berne yn Baltimore, yn 'e steat Marylân, as de soan fan Theodore Spiros Agnew, in Gryksk ymmigrant dy't syn namme ferkoarte hie fan it oarspronklike Anagnostopoulos (Αναγνωστόπουλος), en Margaret Marian Akers, in Amerikaanske widdo út Firginia. Hy hie in healbroer út syn memme earste houlik. Syn heite famylje stamme oarspronklik fan it eilân Chios. Agnew waard grutbrocht yn 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke, mar joech him letter by de Episkopaalske Tsjerke (de Amerikaanske anglikanen).

Agnew studearre fan 1937 oant 1940 skiekunde oan 'e heech oanskreaune Johns Hopkins Universiteit te Baltimore, waard yn 1941 oproppen foar syn tsjinstplicht, en tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch as ofsier yn it Amerikaanske Leger. Earst wied er legere yn Marylân, en yn dy tiid kaam er yn 'e kunde mei Elinor Judefind, dy't har Judy neame liet. Hja trouden op 27 maaie 1942, en krigen letter fjouwer bern: Pamela, James Rand, Susan en Kimberly. Yn 'e twadde helte fan 'e oarloch waard Agnew oerpleatst nei de 10de Pânserdivyzje, yn Jeropa. Foar syn hâlden en dragen yn Frankryk en Dútslân waard him de Brûnzen Stjermedalje takend.

Nei de oarloch sette Agnew syn stúdzje fuort mei in jûnsoplieding oan 'e rjochteskoalle fan 'e Universiteit fan Baltimore, wylst er oerdeis wurke as krudenier en fersekeringsagint. Yn 1947 behelle er in bachelorstitel, dy't er letter om wist te setten ta in masterskip yn 'e rjochten. Dêrop stifte er in abbekatepraktyk yn in foarstêd fan Baltimore. Yn 1950 waard er op 'e nij oproppen, diskear om yn 'e Koreä-oarloch te tsjinjen.

Politike karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Nei't er weromkommen wie út Koreä, sette Agnew útein mei syn politike karriêre as lid fan 'e Republikeinske Partij, yn 't earstoan as in assistint fan James Devereux, in lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Yn 1957 waard er beneamd ta lid fan 'e Board of Zoning Appeals (in soarte fan hof fan berop oangeande romtlike oardering) fan Baltimore County, de krite om 'e stêd Baltimore hinne. Hy ferlear de ferkiezings foar de pleatslike rjochtbank fan 'e stêd Baltimore yn 1960, mar waard yn 1962 keazen ta grytman (county executive) fan Baltimore County. Fan 1966 oant 1969 wied er de 55ste gûverneur fan Marylân, en de earste dy't fan Gryksk komôf wie.

Op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 1968 waard Agnew as running mate fan presidintskandidaat Richard Nixon nominearre foar it fise-presidintskip. By de dêropfolgjende ferkiezings fersloegen Nixon en hy de sittende fise-presidint Hubert Humphrey en dy syn running mate, senator Edward Muskie, mei oermacht, mei't de populariteit fan it Demokratyske regear fan Lyndon B. Johnson troch de Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch tige by tige yn it neigean rekke wie, en de Demokratyske Partij sels yn fjouwer inoar befjochtjende kampen útinoar fallen wie. Fjouwer jier letter, yn 1972, wûnen Nixon en Agnew in twadde termyn, troch de troch skandalen pleage Demokratyske kandidaat George McGovern te ferslaan.

Spiro Agnew (yn it griis) en âld-presidint Lyndon B. Johnson (yn it blau) oanwêzich by de lansearring fan 'e Apollo 11 (1969).

Agnew soe sadwaande fise-presidint west hawwe moatten fan 1969 oant 1977, mar dat rûn oars. Yn 'e simmer fan 1973 stelde de ôfdieling Marylân fan it federaal Iepenbier Ministearje in ûndersyk nei him yn op fertinking fan ôfparsing, belestingfraude, omkeaping en gearspanning tsjin 'e rjochtssteat. Yn oktober waard er oanklage foar it oannimmen fan mear as $100.000 oan omkeapjild wylst er it amt grytman fan Baltimore County, gûverneur fan Marylân en fise-presidint fan 'e Feriene Steaten beklaaid hie. Op 10 oktober 1973 waard him tastien en doch de hiele saak ôf troch skuld te bekennen oan ien inkele oanklacht dat er yn 1967 in ynkommensboarne fan $29.500 net opjûn hie, mei as betingst dat er ôftrede soe as fise-presidint. Sadwaande wie Agnew de twadde fise-presidint yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten om ôf te treden (de earste wie John C. Calhoun), en de iennichste dy't dat die fanwegen in rinnende strafsaak tsjin him. Hy waard opfolge troch Gerald Ford, de lieder fan 'e Republikeinske fraksje yn it Hûs fan Offurdigen. Krapoan tsien jier nei syn ôftreden, yn jannewaris 1983, betelle Agnew oan 'e steat Marylân in boete fan likernôch $270.000 as útkomst fan in sivylrjochtlike proseduere dy't tsjin him oanspand wie yn ferbân mei syn omkeapingspraktiken. Neffens syn kritisy wied er ien fan 'e minste fise-presidinten yn 'e Amerikaanske skiednis, mar troch syn fêsthâldende oanfallen op 'e tsjinstanners fan 'e regearing-Nixon (benammen de media en de anty-oarlochsbeweging) leit er yn 'e rjochterfleugel fan 'e Republikeinske Partij noch altiten op in goede namme.

Lettere jierren en dea[bewurkje seksje | edit source]

Troch syn foartidich ôftreden ûntkaam Agnew fierhinne oan 'e opskuor fan it Watergate-skandaal, dêr't hy krektlyk as Nixon yn behelle wie. Nei't er Washington, D.C. ferlitten hie, sette er him nei wenjen yn Rancho Mirage, yn Kalifornje, wylst er ek wenten hie yn Arnold (Marylân), Bowie (Marylân) en yn 'e omkriten fan Ocean City (Marylân). Hy wurke as sakeman yn 'e ynternasjonale hannel, en kearde yn 1976 koart yn 'e publike belangstelling werom mei guon útspraken dy't troch Gerald Ford yn it iepenbier karakterisearre waarden as "ûnfoege opmerkings oer Joaden." Yn 1980 joech er opsjoch troch de publikaasje fan 'e memoires oer syn fise-presidintskip, wêryn't er ynsinuëarre dat Nixon en Alexander Haig, Nixon syn sjef fan 'e stêf fan it Wite Hûs, drige hiene him fermoardzje te litten as er net út eigen beweging ôftrede woe. Ek skreau Agnew in roman, The Canfield Decision, oer in fise-presidint dy't troch syn eigen ambysje ûnder fuotten helle waard.

Oan syn dea ta hold Agnew út dat de beskuldigings fan belestingfraude en omkeaping tsjin him optocht wiene troch Nixon om 'e oandacht ôf te lieden fan it Watergate-skandaal. Nei syn ôftreden wikselen hy en Nixon nea gjin wurd mear. As gebeart fan fermoedsoening waard er yn 1994 troch Nixon syn dochters útnoege foar dy syn begraffenis, in hânrikking dy't troch Agnew syn bern twa jier letter yn deselde geast beäntwurde waard. Agnew kaam op 17 septimber 1996 yn 'e âlderdom fan 77 jier tige hommels te ferstjerren oan in fier foardere foarm fan leukemy, inkele oeren nei't er yn it sikehûs opnommen wie en dy sykte dêr foar it earst by him fêststeld wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.