Henry Kissinger

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Henry Kissinger yn 1976

Henry Alfred Kissinger (Fürth (Dútslân), 27 maaie 1923) is in Amerikaansk diplomaat en politikus fan Joadske komôf. Hy jildt as in wichtich arsjitekt fan de Amerikaanske polityk fan ûntspanning mei de Sowjetuny en Sina.

Hy waard berne as Heinz Alfred Kissinger. Yn 1938, op de flecht troch Adolf Hitlers ferfolging fan de Joaden, ferfarde syn famylje út Dútslân wei nei New York. Op 19 juny 1943 waard Kissinger Amerikaansk steatsboarger. As soldaat yn it Amerikaanske leger kaam Kissinger oan de ein fan de kriich werom nei Dútslân. Hy waard dêr militêr bestjoerder.

Letter gong er wurken as heechlearaar ynternasjonale betrekkingen oan de Universiteit fan Harvard, dêr't hy ek inkele boeken publisearre oer ôfskrikken mei nukleêre wapens. Neffens him wie tusken lytsskalich geweld en de ynset fan atoomwapens foar de Feriene Steaten gjin oannimlik militêr optreden mooglik. Dat brocht him yn de polityk, ynearsten as Demokraat, letter as Republikein.

Henry Kissinger waard yn 1968 spesjaal adviseur fan presidint Nixon op it mêd fan de nasjonale feiligens. Hy ûntfong tegearre mei Le Duc Tho de Nobelpriis foar de Frede foar syn ynset by it ôfsluten fan fredesbestân yn de Fietnamkriich.

Op 22 septimber 1973 waard Kissinger minister fan Bûtenlânske Saken, in funksje dy't hy oant 1977 útoefenje soe.