Abilene (Kansas)

Ut Wikipedy
Abilene
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Kansas
County Dickinson County
Sifers
Ynwennertal 6.844 (2010)
Oerflak 12,1 km²
Befolkingsticht. 564,6 / km²
Hichte 352 m
Oar
Stifting 1857
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 38°55′11″N 97°13′02″W
Offisjele webside
www.abilenecityhall.com
mapname                     =
Kaart
De lizzing fan Abilene yn Dickinson County en yn 'e steat Kansas.

Abilene (útspr.: ['æbəli:n]) is in stedsje dat justjes beëasten de midden fan 'e Amerikaanske steat Kansas leit. It is it haadplak fan it omlizzende Dickinson County, en hie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 goed 6.800 ynwenners. Abilene stiet benammentlik bekend om twa dingen. Yn twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, yn 'e tiid fan it Wylde Westen, wie it it einpunt fan it legindaryske Chisolm Trail, it 1.300 km lange paad dat brûkt waard om slachtfee út súdlik Teksas wei op te driuwen nei it neiste spoarstasjon (wat dus yn Abilene wie). En yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw wie Abilene it plak dêr't de lettere Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower opgroeide. Abilene yn Kansas moat trouwens net betize wurde mei it folle gruttere Abilene yn Teksas, dat dernei ferneamd is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abilene waard yn 1857 stifte troch Timothy Hersey as in stasjon op in postkoetsrûte fan it Easten fan 'e Feriene Steaten nei it Wylde Westen en werom. Hersey ferneamde it nei in bibelske plaknamme dy't ferwiist nei in flakte yn Syrje. Tsien jier letter, yn 1867, berikte it nei it westen ta optsjende spoar Abilene, yn 'e foarm fan 'e Kansas Pacific Railway, in ûnderdiel fan 'e Union Pacific Railroad. Datselde jiers kocht rancher (feeboer) en ûndernimmer Joseph McCoy 250 acres grûn fuort benoarden en bewesten Abilene, dêr't er in hotel en in hynstestâl oanlizze liet en boppedat in grut oerflak mei ôffrede romten foar teminsten 2.000 stiks fee (de stockyards). Fierders lei er it saneamde Chisolm Trail fêst, nei in âld spoar dat oanjûn wie troch de frontiersman Jesse Chisolm, as in paad dêr't feeboeren en harren cowboys it slachtfee lâns oanfiere koene nei Abilene, alhiel út súdlik Teksas wei, oer in ôfstân fan 1.300 km.

De Dwight D. Eisenhower Presidential Library and Museum yn Abilene.

Tusken 1867 en 1871 waarden dêrlâns mear as oardel miljoen longhorns noardoan nei Abilene ta dreaun om dêr foar de slacht ferkocht te wurden en oer de Kansas Pacific Railway ôffierd te wurden nei de slachthuzen fan Sint-Louis en Chicago. Sa ûntjoech Abilene him ta it earste feestedsje fan it Westen. It earste jiers kamen der al 35.000 stiks fee troch de stockyards, dy't útgroeiden ta de grutsten bewesten Kansas City (Kansas). De befolking woeks hurd oan, en yn 1869 krige it offisjeel de status fan stêd.

Behalven feeboeren en cowboys loek it súkses fan 'e stêd ek oar folk oan, fan winkellju en predikanten oant gokkers en prostituees, en Abilene krige de reputaasje ien fan 'e wyldste stêden fan it Westen te wêzen. Ien fan 'e bekendere wetstsjinners út it Wylde Westen, marshal Tom "Bear River" Smith hanthavene yn 't earstoan de oarder yn Abilene, gauris inkeld mei syn fûsten. Hy oerlibbe twa moardoanslaggen, mar waard op 2 novimber 1870 fermoarde en ûnthalze. De beide dieders waarden pakt en krigen libbenslang. Foar Smith yn 't plak waard in noch gruttere namme oansteld, Wild Bill Hickok, dy't lykwols njoggen moanne letter al wer ûntslein waard, nei in jammerdearlik ferrûne sjitpartij wêrby't er by fersin syn eigen freon en plakferfanger Mike Williams dea skeat. Nei 1871 ferpleatste de slachtfeehannel him mei de oanlis fan nij spoar stadichoan nei it westen en suden, nei plakken as Caldwell en Ellsworth, wat Abilene yn rêstiger farwetter brocht.

Yn 1892 kaam de piipjonge Dwight Eisenhower (1890-1969), dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch in ferneamd generaal en neitiid de presidint fan 'e Feriene Steaten wurde soe, yn Abilene te wenjen, doe't er dêr mei syn âldelju hinne ferhuze út Denison, yn Teksas, wei. Eisenhower folge de legere en middelbere skoalle yn Abilene, en slagge der yn 1909 foar syn skoaldiploma. Nei syn presidintskip (1953-1961) waard yn Abilene de Dwight D. Eisenhower Presidential Library and Museum fêstige. Teffens lizze Eisenhower en syn frou Mamie yn Abilene begroeven.

Presidint Dwight Eisenhower.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Abilene doe sa: 90,2% blanken; 4,7% Latino's; 0,9% swarten; 0,4% Yndianen; 0,2% Aziaten; 3,6% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e ynwenners wie fierders 19,2% 65 jier of âlder en 25,7% 18 jier of jonger. 10,8% fan 'e befolking libbe ûnder de earmoedegrins.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abilene leit yn 'e oergongssône fan in subtropysk klimaat nei in lânklimaat, en hat hjitte fochtige simmers en kâlde drûge winters. De trochsneed deitemperatuer leit it hiele jier boppe it friespunt, en berint yn jannewaris 5 °C en yn july en augustus 34 °C. In gemiddelde fan 14 dagen jiers komt de temperatuer boppe de 38 °C út. Rekôrtemperatueren wiene 45 °C yn 'e simmer fan 1954 en –31 °C yn 'e winter fan 1989. Der falt trochstrings 831,6 mm delslach yn 't jier, wylst der oer de hiele winter ferdield yn trochsneed 35,1 sm snie falt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.