See fan Azov

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
See fan Azov
Locatie Zee van Azov.PNG
Lokaasje Oekraynsk grûngebiet, en eastlikRuslân
See Swarte See
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 37.555 km
Djipte (maks.) 14 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte 7-11 m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte 180 km
Lingte 360 km
Oer
Bm krim.jpg

De See fan Azov (Russysk: Azovskoje More; Oekraynsk: Ozivs'ke of Azovs'ke more; Krimtataarsk: Azaq deñizi) is in part fan de Swarte See, dat oan de súdkant fan it oare part fan dy see skieden wurdt troch de Strjitte fan Kertsj. Yn it westen leit Krim, de noardkust is ek Oekraynsk gebiet, en de eastlike igge is Ruslân.

De rivier de Don mûnet yn de see yn it noardeasten fia de tige ûndjippe Golf fan Taganrog. By de delta fan de Don leit de stêd Azov, dêr't de see nei neamd is. Yn it súdeasten mûnet de Koeban yn de See fan Azov.

De See fan Azov is mei in trochsneed djipte fan 13 meter de meast ûndjippe see fan de wrâld. Ut reden dêrfan kin de wettertemperatuer simmerdeis oprinne nei 25 oant 30 °C, yn de winter friest er twa oant fjouwer moanne ticht. It sâltgehalte is trochsneed 11 ‰; yn it noarlik part mar 2 oant 4 ‰ troch de ynstream fan swiet wetter fan de Don.

Neist de fiskerij is it toerisme yn de kontrei fan ekonomysk belang. De see hat moaie, flakke sânstrannen.

De See fan Azov komt al op in Foenisyske wrâldkaart út de 7e ieu f. Kr. foar ûnder de namme "Meat".

De iisbrekker Captan Demidov yn de See fan Azov
De steur is kommersjeel wichtich yn de See fan Azov

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]