Reade Plein

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Reade plein

It Reade Plein (Russysk: Красная площадь) is it sintrale plein yn Moskou, dat ferneamd is troch de militêre parades yn 'e tiid fan 'e Sowjetuny. It plein is 550 by 100 meter.

Skiednis en namme[bewurkje seksje | edit source]

It plein waard oanlein nei de grutte stêdsbrân yn 1493. Fan dat stuit ôf waard de nije iepen romte brûkt as plak foar de merke.

Feitlik hjit it plein net "Reade Plein". It wurd "Reade" yn de namme komt net fan 'e reade kleur fan 'e hege Kremlinmuorren en it ferwiist ek net nei de tiid fan it kommunisme. It Russyske eigenskipswurd Krasnij (Красная) besjutte eartiids njonken "read" ek "moai". (Dat is no net mear sa: yn it hjoeddeiske Russysk besjut Krasnij allinich mar "read".) Troch de oanwêzigens fan 'e Basiliuskatedraal krige it plein yn 'e 17e ieu syn hjoeddeistige namme Moaie Plein ynstee fan it âlde wurd Požar (brân).