Sudeten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan de Sudeten
Lânskip yn it Poalske part fan de sintrale Sudeten

De Sudeten (Dútsk: Sudeten, Tsjechysk en Poalsk: Sudety, Tsjechysk: Krkonošsko-jesenická subprovincie / Krkonošsko-jesenická soustava) is in berchtme yn de grinskrite tusken Dútslân, Poalen en Tsjechje.

De namme komt fan Sudeti montes, de Latynske beneaming fan de Soudeta ore sa't Klaudius Ptolemaeus it berchtme yn syn Geographia beneamt. De betsjutting fan de namme is net witten. It soe 'Wyldebargebergen' betsjutte kinne, fan it Yndo-Europeeske wurd su, 'swyn'. Better is faaks 'Stikelige bergen', neffens it Latynske wurd sudis (mearfâld sudes), in peal mei twa skerpe punten, brûkt troch de Romeinse legioenen by it bouwen fan tydlike fersterkings.

De Sudeten rinne oer sa'n 330 kilometer tusken de Elbe yn it westen en de Moravyske Poarte yn it easten. Der kinne in rige dielberchtmen ûnderskieden wurde, dêr't it Reuzeberchtme by is. De heechste top fan de Sudeten leit op de Poalsk-Tsjechische grins yn it Reuzeberchtme: de Sniekop mei 1602 m.

De Sudeten hawwe tusken 1918 en 1945 har' namme jûn oan de Dútske minderheid yn Tsjechoslowakije. Harren wenkrie hjitte doe Sudetelân. Dat gebiet besloech neist de feitlike Sudeten ek de oare grinskriten mei Dútslân en Eastenryk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Category:Sudetes en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.