Lodz

Ut Wikipedy
Lodz
Flagge Wapen
Polityk
Lân Poalen
Woiwodskip Łódź
Powiat (distrikt) {{{Namme bestj. ienh. 2}}}
Sifers
Ynwennertal 708.554↓ (2014)
Oerflak 293,25 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 2.418 / km²
Stêdekloft 1.428.600 (2013)
Hichte 162–278 m
Oar
Stifting 1332 foar it earst neamd
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee fan Lodz
Tekstylmuseum fan Lodz (It wite fabryk)
Stedsdielen met it heechste en leechste punt

Lodz (Poalsk: Łódź, útspr.: [wutɕ], dat is letterlik 'boat'; Dútsk: Lodz of Lodsch, 1940-1945 nei generaal Karl Litzmann Litzmannstadt) is mei sa'n 708.500 ynwenners (2014) de tredde stêd fan Poalen. De stêd leit 130 km súdwestlik fan Warsjau, ûngefear op it geografyske middelpunt fan it lân, en is de haadstêd fan it woiwodskip mei deselde namme.

It is in jonge stêd, dy't syn ferskuorrende flot waaksen, healwei de 19e iuw, te tankjen hat oan de tekstylyndustry. Lodz waard ferneamd as it 'Mansjester fan it Easten'. De befolking woeks fan 13.000 yn 1840 nei 506.000 yn 1913. De stêd wie it plak, dêr't yn 1892 it earste algemiene staking fan Poalen wie. Krekt foar it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich wie Lodz ien fan de tichtstbefolke plakken fan de wrâld.

Lodz hat ien fan de grutste Joadetsjerkhôven (180.000 grêven) fan Jeropa. Krekt foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wie goed 34% fan de ynwenners Joadsk. Yn 1939 besette Nazi-Dútslân de stêd, dy't doe Litzmannstadt neamd waard. Mear as 300.000 minsken kamen yn it getto te wenjen, dat yn augustus 1944 ferneatige waard, mar 900 minsken oerlibben.

Karakteristyk yn it stêdsbyld binne de tekstylfabriken en fabrikantefilla's yn neostilen en jugendstil. Ien dêrfan is de filla fan Leopold Rudolf Kindermann (ul. Wólczańska 31), dat ien fan de wichtichste jugendstilgebouwen fan Poalen is. It wite fabryk oan it Plac Niepodlegści stiet symboal foar de skiednis fan de tekstylyndustry, dy't rûnom (Dútslân, Ruslân, Eastenryk) wei arbeiders oanluts. Nijsgjirrich is ek it Grand Hotel oan de ul. Piotrkowska, dy't in iuw lyn ien fan de grutste en foarnaamste hotels fan Jeropa wie. Oan 'e ul. Piotrkowska steane noch in soad oare wichtige gebouwen: dizze strjitte is mear as fjouwer kilometer lang, en is de langste winkelstrjitte fan de wrâld mei de helte fan alle winkels yn de stêd.

Tal ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]