Kontrareformaasje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Konsily fan Trente (1545-1563)

De Katolike Reformaasje, Katolike Herfoarming of Kontrareformaasje wie de herfoarmingsbwegeging yn de Roomsk-katolike Tsjerke dy't útein sette yn de 16e ieu. It wie foar in part in ferskynsel fan restauraasje yn de katolike tsjerke dêr't de earste oansetten fan al yn de 15e ieu lei en foar in part in reaksje op de protestantske reformaasje, dy't begûn mei de Dútser Luther (1483-1546), de Frânske Calvijn (1509-1564) en de Switserske Zwingli (1484-1531), en op de ûntjouwingen yn Ingelân (de Anglikaanse Tsjerke en het puritanisme).

"Kontrareformaasje" is term dy't troch protestantske histoarisy munte waard, omdat sy tochten dat de beweging as reaksje op de protestantske Reformaasje ûnstien wie. De Kontrareformaasje wie lykwols yn it foarste plak in fuortsetting fan in tsjerklike herfoarmingsbeweging dy't rûn fanôf de 14e-ieuske konsilyes oant it Konsily fan Trente. Dat utere him yn de herfoarmingsbewegingen fan de âldere oarders, lykas dy fan de karmeliten en minderbruorren, by folksprekers as Bernardinus fan Siena (1380-1444), Johannes fan Capistrano (1380-1450), Geiler fan Kaisersberg (1445-1510) en in profetyske figuer as Savonarola (1452-1498), yn it stiftsjen fan nije oarders, bygelyks fan de teatinen (1524), barnabiten (1530), kapusinen (1528), jezuïeten (1534) en de oratorianen (1574) fan Filippo Neri, en yn de aktiviteiten fan biskoppen as John Fisher (1469-1535), Reginald Pole en Gasparo Contarini.

It wie dizze beweging dy't oantrune ta it ferfynjen fan de omskriuwing fan de katolike lear en de ferbettering fan it tsjerklik funksjonearjen (bygelyks troch it tsjingean fan allerhanne misstannen en it op'en nij strukturearjen fan de administraasje). Dat rûn út op it Konsily fan Trente (1545-1563), ûnder mear ferneamd wurden fan it fêstlizzen fan de Tridentynske ritus foar de mis dy't oant it Twadde Vatikaansk Konsily (1962-1965) yn de Katolike Tsjerke algemien brûkt bleau en nei 1988 wer oan it oplibjen is.

It Konsily fan Trente, mei tal fan herfoarmingsbesluten, betsjutte foarfêst in trochbrek fan de herfoarmingen yn de RK-tsjerke en hie in oplibbing en in geastlike heechkonjunktuer yn dy tsjerke fan gefolgen .

It pontifikaat fan de Nederlânske paus Adrianus VI, paus yn 1522 en 1523, wie de opgong fan de Kontrareformaasje it earst yn te fernimmen. De gesanten dy't hy yn 1522 nei de ryksdei yn Neurenberg stjoerde moasten fan him de misstannen yn de Tsjerke erkenne. Sadwaande waard de needsaak om ta in katolike herfoarming te kommen foar it earst offisjeel útsprutsen. Dêrnei sette Paulus III (1534-1549) it proses fuort troch it byelkoarroppen fan it Konsily fan Trente.

Op godstsjintich mêd wie der it oplibjen fan de mystyk en fan de folksdevoasjes. Op it mêd fan de earetsjinst, keunst en kultuer waard de geast fan de Katolike Reformaasje wjerspegele yn de styl fan de tsjerklike barok, dy't de nije religieuze besieling yn prachtich stal joech.

Rol fan de jezuïeten[bewurkje seksje | edit source]

De oarder fan de jezuïeten spile in rol fan grut belang yn de katolike reformaasje. Sy kombinearren frommens en in ienfâldige, hast militêre wize fan libjen dy't ynspirearre wie op harren Baskyske stichter Iñigo Lopez de Loyola, dy't ferneamd waard ûnder syn Latynske namme Ignatius fan Loyola. Fanwege de pauslike bul Regimini Militantis Ecclesiae út 1540, fan Paulus III, waarden sy streekrjocht laat fan de paus sels. Harren doelstellingen wienen:

  • it bekearen fan de heidenen
  • it fannijs winnen fan dejinge dy't it leauwe kwyt rekke wie
  • en boppedat: opfieding.

De Italiaanske jezuït kardinaal en teolooch Roberto Francesco Romolo Bellarmino wie ien fan de meast fûle bestriders fan de protestantske doktrines.

Al in pear desenniums nei har oprjochting gienen harren misjonarissen de wrâld oer. Fan Fryslân oant Súd-Amearika en Japan ta. Yn hiel it katolike Europa, oant yn Kiev, stichten sy kolleezjes.

Wichtige persoanen[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]