Sintraal-Afrika

Ut Wikipedy
De lizzing fan Sintraal-Afrika yn it wrâlddiel Afrika.

Sintraal-Afrika of Midden-Afrika is de loskes definiëarre sintrale geografyske regio fan it wrâlddiel Afrika. Dit gebiet wurdt yn 'e regel begrepen as besteande út 10 of 11 ûnderskate lannen. Angoala is in twifelgefal dat der soms wol en soms net ta rekkene wurdt.

De lannen dy't ornaris ta Sintraal-Afrika rekkene wurde, binne:

Soms komt dêr noch by:

Mei-inoar hat Sintraal-Afrika in oerflak fan likernôch 5.366.000 km² (ynkl. Angoala 6.613.000 km²), en in befolking fan krapoan 113 miljoen minsken (ynkl. Angoala rom 133 miljoen) mei in befolkingstichtens fan goed 21 minsken de km². Hoewol't der hûnderten ferskillende talen sprutsen wurde, binne der mar fjouwer offisjele talen: Ingelsk, Frânsk, Portegeesk en Spaansk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.