Francisco Franco

Ut Wikipedy
Franco yn 1964

Francisco Paulino Hermenegildo Teódulo Franco y Bahamonde Salgado Pardo (4 desimber 1892 - 20 novimber 1975) koartwei Francisco Franco Bahamonde, en better bekend as Generalísimo Francisco Franco wie in Spaanske diktator fan 1939 oant syn dea yn 1975. Hie stie bekend as el Caudillo ("de Lieder").

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1936 wie Francisco Franco de lieder fan de militêre opstân tsjin de wettich keazen linkse regearing fan Spanje. Fan it destiids Spaanske diel fan Marokko út, begûn hy de Spaanske Boargeroarloch, dy't oant 1939 duorre en in protte minskelibbens kostje soe. Dêrby waard Franco aktyf stipe troch de faksistyske rezjyms fan Mussolini yn Itaalje en dat fan Hitler yn Dútslân. Hitler stjoerde sels in part fan syn loftmacht nei Spanje dy't in ûnderdiel foarme fan it Condorlegioen. Ek de machtige tsjerke stie oan de side fan Franco. De tsjinstanners fan Franco yn de boargeroarloch dy't wol beskôge wurdt as de oanrin nei de Twadde Wrâldkriich, waarden û.o. stipe troch de kommunisten en de Sowjet-Uny.

Hoewol't Franco de oarloch yn Spanje wûn, hat er net meidien oan de side fan syn faksistyske bûnsmaten yn de Twadde Wrâldkriich. Hy fûn dat syn lân dêr net sterk genôch foar wie. Mar binnenlânsk rjochte hy de steat yn nei faksistysk snit: hysels as Lieder fan de nasjonale partij, de Falange (FET).

Franco leit yn in tombe yn it monumint fan Santa Cruz del Valle de los Caídos.

Nei de Twadde Wrâldkriich fersette Franco de beakens. De monargy waard troch him yn 1947 yn eare wersteld en de Kâlde Kriich makke him oanfaardber as partner fan de Feriene Steaten, fral doe't de Republikeinen yn de regearing kamen. Lykwols hawwe de Jeropeeske bûnsmaten hieltyd ferhindere dat Spanje, krekt as dat wol barde mei it Portegal fan Salazar, lid wurde koe fan de NAFO.

Under syn bewâld waard it near lein op alle foarmen fan opposysje, mar kende Spanje ek in perioade fan betreklike stabiliteit. Troch de tanommen wolfeart yn de jierren sechtich ûntstie in nije middenklasse dy't njonken ekonomyske ek mear politike frijheid easkjen gie. De lêste fiif jier naam de krityk op Franco hiel bot ta. Franco ferstoar yn 1975 yn 'e âldens fan 82-jier.

Franco hie syn opfolging goed taret. Hy hie de pakesizzer fan de lêste Spaanske kening, Juan Carlos, al earder oanwiisd as syn opfolger. Twa dagen nei Franco syn dea waard dy beëdige as kening fan Spanje. Hoewol't kening Juan Carlos in fertrouling wie fan Franco stjoerde hy toch gau - net ferwachte - oan op werstel fan de demokrasy yn Spanje.

De oanhing fan de caudillo rûn nei syn dea hurd tebek. En op 17 maart 2005 waard it lêst stânbyld fan Franco yn Madrid út it sicht ferwidere.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Beevor, A. "De strijd om Spanje. De Spaanse burgeroorlog 1936-1939", Amsterdam, Anthos, 2006