Jena

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jena
Jenamarktplatz.jpg
Sifers
Ynwennertal 105.129 (2010)
Oerflak 114,29 km²
Befolkingstichtens 920 / km²
Hichte 145-425 m
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Turingen
Oar
Stifting 1182
Koördinaten
Webside www.jena.de
Lizzing fan Jena yn Dútslân

Jena is in stêd yn it easten fan Dútslân, oan de Saale yn de dielstaat Turingen. De stêd hat goed 105.000 ynwenners en is op Erfurt nei it grutste plak yn Turingen. Bestjoerlik is Jena in kreisfreie Stadt (stedsdistrikt).

Jena is fanâld bekend om syn optyske yndustry. Bekende bedriuwen dy't út Jena komme binne Carl Zeiss en Jenoptik. Yn 1926 waard it earste moderne planetarium troch Zeiss yn it Damenvierteldistrikt fan Jena boud. Hjoeddedei is ûnder oaren bioynformatika, biotechnology en software-produksje] ekonomysk ek fan belang.

Sûnt 1558 is Jena in universiteitsstêd. De Friedrich-Schiller-Universität is ferneamd nei de dichter, Friedrich Schiller, dy't dêr les joech.

De namme fan de stêd komt ek werom yn de Jenaplanskoalle: de betinker fan dat skoalsysteem, Peter Petersen, kaam út Jena.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Stedsdielen binne: Ammerbach Ort, Beutenberg/Winzerlaer Straße, Burgau Ort, Closewitz, Cospeda, Drackendorf, Drackendorf/Lobeda-Ost, Göschwitz, Ilmnitz, Isserstedt, Jena-Noard, Jena-Súd, Jena-West, Jena-Sintrum, Jenaprießnitz, Krippendorf, Kunitz, Laasan, Lichtenhain Ort, Leutra, Lobeda-Altstadt, Lobeda-Ost, Lobeda-West, Löbstedt Ort, Lützeroda, Maua, Mühlenstraße, Münchenroda, Nord II, Remderoda, Ringwiese Flur Burgau, Vierzehnheiligen, Wenigenjena/Kernberge, Wenigenjena Ort, Wenigenjena/Schlegelsberg, Winzerla, Wogau, Wöllnitz, Ziegenhain Ort, Ziegenhainer Tal, en Zwätzen.


Berne yn Jena[bewurkje seksje | edit source]


Jena