Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden
It Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (ek wol Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden neamd) is in ferdrach fan de Ried fan Europa. It ferdrach hat ta doel de juridyske erkenning fan nasjonale minderheden en it hoedzjen en noedzjen fan harren rjochten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1949 kaam it ramtferdrach foar it earst op it aljemint. It duorre lykwols oant 1990 ear't wer in wurklistpunt wurde soe. De leden fan de Ried fan Jeropa koenen op 1 febrewaris 1995 tekenje, it ferdrach waard jildich op 1 febrewaris 1998.
Doel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ramtferdrach is it earste juridyske bewyske fan de Ried fan Jeropa foar it hoedzjen fan nasjonale minderheden. It doel is it bewissigjen fan it fuortbestean fan nasjonale minderheden yn de krite dêr't sy wenje. It ramtferdrach stipet folsleine lykberjochtiging fan nasjonale minderheden troch it mooglik meitsjen fan goede betingsten foar de kulturele ûntjouwing en behâld fan identiteit. It lânsregear mei de nasjonale minderheid net beheine op it stik fan taal, ûnderwiis en media.
Friezen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Friezen yn Dútslân en Nederlân binne beide neffens it ferdrach erkend as nasjonale minderheid.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nederlânske regear hie yn 2004 besletten om it ramtferdrach te ratifisearjen. De ratifisearring waard yn 2005 fan krêft.
Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Dútske regear hat it ramtferdrach yn 1997 ratifisearre, yn 1998 waard it ferdrach jildich. Njonken de Friezen binne ek de Sorben, Denen en Roma en Sinty erkend as nasjonale minderheid. Oer hokker Friezen der no erkend wurde moasten wie wat betizing. De Noardfriezen en Sealterfriezen binne taalminderheden, dat sy waarden fuort erkend troch it Dútske regear. Omdat de Eastfriezen gjin Frysk mear sprekke, mar har wol Fries fiele, hat de Dútske steatssiktaris fan Ynlânske Saken Christoph Bergner yn febrewaris 2008 wissichheid jûn oer de status fan Eastfriezen as nasjonale minderheid. Omdat de Friezen yn Dútslân erkend binne as ien groep hearre dêr ek de Eastfriezen by.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynternasjonaal rjocht
- Jeropeesk ferdrach
- Ferdrach út 1995
- Ferdrach mei Albaanje
- Ferdrach mei Andorra
- Ferdrach mei Armeenje
- Ferdrach mei Azerbeidzjan
- Ferdrach mei Belgje
- Ferdrach mei Bosnje
- Ferdrach mei Bulgarije
- Ferdrach mei Denemark
- Ferdrach mei Dútslân
- Ferdrach mei Eastenryk
- Ferdrach mei Estlân
- Ferdrach mei it Feriene Keninkryk
- Ferdrach mei Finlân
- Ferdrach mei Georgje
- Ferdrach mei Grikelân
- Ferdrach mei Hongarije
- Ferdrach mei Ierlân
- Ferdrach mei Yslân
- Ferdrach mei Itaalje
- Ferdrach mei Kroaasje
- Ferdrach mei Letlân
- Ferdrach mei Litouwen
- Ferdrach mei Lúksemboarch
- Ferdrach mei Lychtenstein
- Ferdrach mei Malta
- Ferdrach mei Moldaavje
- Ferdrach mei Monako
- Ferdrach mei Montenegro
- Ferdrach mei Nederlân
- Ferdrach mei Noard-Masedoanje
- Ferdrach mei Noarwegen
- Ferdrach mei de Oekraïne
- Ferdrach mei Poalen
- Ferdrach mei Portegal
- Ferdrach mei Roemeenje
- Ferdrach mei Ruslân
- Ferdrach mei San Marino
- Ferdrach mei Servje
- Ferdrach mei Sloveenje
- Ferdrach mei Slowakije
- Ferdrach mei Spanje
- Ferdrach mei Sweden
- Ferdrach mei Switserlân
- Ferdrach mei Syprus
- Ferdrach mei Tsjechje