Christian Matthias Theodor Mommsen
Christian Matthias Theodor Mommsen (30 novimber 1817- 1 novimber 1903) wie in Noardfrysk dosint en professor yn de klassike fakulteit. Hy wurdt algemien beskôge as de wichtichste klassike histoarikus fan de 19e ieu. Syn wurk oer de Roomske skiednis is hjoed noch hiel wichtich foar ûndersyk op dat mêd. Hy hat de Nobelpriis foar de Literatuer krigen yn it jier 1902 en wie ek in politikus, as lid fan it Prusyske en ek fan it Dútske parlemint.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Libbensrin
Mommsen is berne yn Garding yn Eiderstêd en is tein yn Bad Oldesloe. Hy wie earst professor by de Universiteit fan Leipzig, en is yn 1858 lid wurden fan de akademy en nei 1868 professor yn de Roomske skiednis oan de Universiteit fan Berlyn.
Hy hat mannich earbetoan krigen foar syn wittenskiplik wurk: de “ween Max”, it heechste militêre earbetoan yn 1868, eareboarger fan Rome, en de Nobelpriis.
[bewurkje seksje] Wittenskiplik wurk
- De skiednis fan Rome: 1854 en 1856.
- Roomske grûnwet: (1871-1888)
- Roomsk Strafrjocht (1899)
[bewurkje seksje] Nobelpriis-feit
Mommsen wie de âldste persoan dy't in literatuerpriis krigen hat (hy wie doe 85 jier) en ek de persoan dy't it leechste bertejier (1817).
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- Theodor Mommsen as „Klassiker der Geschichtswissenschaft“
- Biografyske beskriuwing
- Mommsens Roomske skiednis, Dútsk en Ingelsk, by Projekt Gutenberg
- Roomske skiednis in prive webstek
- tynge út dy tiid
- Phönix aus der Asche
- libbensrin, stambeam, sitaten, galery ... in priveewebstee fan de famylje Mommsen