Kabûl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kabûl
Mountains of Kabul.jpg
Sifers
Ynwennertal (2008)
Oerflak 275 km²
Stêdekloft 425 km²; ynwennertal: 2.850.000
Hichte 1790 m
Polityk
Lân Afganistan
Provinsje Kabûl
Boargemaster Mohammad Yunus Noandesh
Oar
Tiidsône Afghanistan Standard Time (UTC+4:30)
Koördinaten
Kabûl yn 2004.

Kabûl of Kaboel (Káboel) (Pasjtoe, Perzysk: كابل Kābol) is de haadstêd en de grutste stêd fan Afganistan. Neffens de lêst folkstelling fan 1979 hie de stêd 913.164 ynwenners. Tsjintwurdich skat de Afgaanske Tsjinst foar de Statistyk dat oantal op sa'n 2.536.300. De stêd leit yn it easten fan it lân, net fier fan de grins mei Pakistan.

Kabûl leit strategysk oan de Kyberpas, de wichtichste ferbining tusken Afganistan en Pakistan.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Neffens de oerlevering hawwe Iraanske stammen om 400 f.Kr. hinne it plak Kabura stifte. Aleksander de Grutte wie yn 330 f.Kr. yn it gebiet mar makket gjin melding fan it bestean fan de stêd Kabûl.

Yn de 7e ieu feroveren Arabieren de stêd. Babur makke de stêd yn 1504 ta haadstêd fan it Mogoelryk. Nadir Sjad, de sjah fan Iran, ferovere de stêd yn 1738. Yn 1773 waard Kabûl de haadstêd fan Afganistan.

As ûnderdiel fan de Earste Afgaansk-Britske Kriich waard de stêd yn 1839 ferovere en yn 1842 foar in part delbaarnd. Yn 1879 wie der in grutte opstân tsjin de Britten. Yn 1879 waard de stêd wer troch de Britten ferovere, no yn de Twadde Afgaansk-Britske Kriich.

Op 23 desimber 1979 besette de Sowjetuny de stêd. Yn de Russysk-Afgaanske Kriich (1979-1989) stie it militêre haadkertier fan de Sowjets yn Kabûl. Doe’t de Russen har weromlutsen ûntstie der in boargeroarloch, dêr’t sa likernôch 50.000 minsken by dearekken. Yn 1996 hie de Taliban de macht oer de stêd.

Nei de oanslaggen op de Feriene Steaten op 11 septimber 2001 ferklearre de Feriene Steaten de kriich oan it terrorisme (Operation Enduring Freedom). Mei stipe fan oare lannen begûn de kriich tsjin de machthawwer fan Afganistan, de Taliban. Op 9 novimber 2001 slagge it de Noardlike Alliânsje, Afgaanske kriichshearen dy’t mei it westen fochten, om de stêd yn te nimmen. Yn desimber 2001 krige Afganistan in nij tydlik bestjoer mei Kabûl as haadstêd. Yn 2004 waarden de earste demokratyske ferkiezings fan Afganistan wûn troch Hamid Karzai.

[bewurkje seksje] Opbou

Nei de Russysk-Afgaanske Kriich, it Taliban bewâld en Operation Enduring Freedom, moast it lân troch it nij demokratysk keazen Afgaanske regear mei help fan ISAF opboud wurde.

Yn 2005 waard in winkelsintrum (Kabyl City Center) en in 5-stjerren hotel (Serena Hotel) iepene. In nij projekt dat it stêdssintrum modernisearje moat is it City of Light projekt. De City of Light sil oan de súdlike igge fan de Kabûl rivier boud wurde. Yn it gebiet sille ûnder oaren kantoaren en apparteminten komme, as ek in nij Nasjonaal Afgaansk Museum.

[bewurkje seksje] Ferkear en ferfier

Kabûl beskikt oer in ynternasjonaal fleanfjild, Kabul International Airport.

[bewurkje seksje] Berne

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen