Osama bin Laden
Ut Wikipedy
Osama bin Laden (Riyad, 10 maart 1957 - Abbottabad, 2 maaie 2011) wie de lieder fan Al Kaida, in terreurorganisaasje dy't him tsjin westerske en pro-westerske lannen rjochtet.
Osama bin Laden is berne yn Saûdy-Araabje, yn in famylje mei bannen mei it keningshûs, en mei in grut fermogen. Dat jild brûkt er no tsjin dat selde keningshûs om't er fynt dat it te folle anneks is mei de Feriene Steaten.
Omwegen fan de aksjes fan Al Kaida waard Bin Laden jierrenlang socht as terrorist. Op 2 maaie 2011 is er deadien by in oanfal fan Amerikaanske militêren op syn fersterke filla yn Abbottabad, yn it noarden fan Pakistan.