Abbottabad
| Abbottabad ایبٹ آباد |
||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 120.888 (2006) | |
| Hichte | 1260 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Pakistan | |
| Provinsje | Khyber-Pakhtunkhwa | |
| Distrikt | Abbottabad | |
| Oar | ||
| Tiidsône | PST (UTC+5) | |
Abbottabad (ایبٹ آباد) is in stêd yn de regio Hazara fan de provinsje Khyber-Pakhtunkhwa yn Pakistan. De stêd leit yn de Orashdelling, 50 km noardeastlik fan Islamabad en 200 km be-easten Pesjawar.
De stêd is yn Pakistan ferneamd fanwege it moaie waar dêre, de goede ûnderwiisynstellingen (bynamme: Stêd fan de skoallen) en militêre ynstituten en dêr wenje in protte pinsjoenearre militêren.
Abottabad waard wrâldferneamd troch de oanfal op de filla fan Osama bin Laden op 2 maaie 2011 troch Amerikaanske militêren.
Juny 1948 iepene it Britske Reade Krús in sikehûs yn Abbottabad om de tûzenen pasjinten út Kasjmir, dêr't doe slim fjochte waard, opfange te kinnen.[1] Op 8 oktober 2005 waard Abbottabad slim rekke troch de ierskodding yn Kasjmir. It grutste part fan Abbottabad bleau oerein, mar in soad âlde gebouwen waarden ferneatige of skansearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abbottabad fan Wikimedia Commons. |