Riyad

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ryad
الرياض
Sintrum fan Riyad
Sintrum fan Riyad
Sifers
Ynwennertal 5.254.560 (2010)
Oerflak 1000 km²
Befolkingstichtens 3024 / km²
Hichte 612 m
Polityk
Lân Saûdi-Araabje
Oar
Tiidsône EAT (UTC+3)
*Simmertiid gjin
Webside www.arriyadh.com
Lizzing fan Ryad yn Saûdi-Araabje
Strjitte nei Mekka by Jebel Tuwaiq by Riad

Riyadh (Arabysk: الرياض‎ ar-Riyāḍ) is de haadstêd fan Saûdi-Araabje. It is in part fan de Ar Riyad Provinsje, dêr't it de haadstêd fan is, yn de Najd regio. It leit yn it sintrum fan de Arabyske skiereilân op in grut plato en hat likernôch 5 miljoen ynwenners, om-ende-by 20% fan de befolking fan it lân.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn it tiidrek fan foar de islam wie op it plak fan de tsjintwurdige stêd in lyts doarpke mei de namme Hajar. Op dat stee leit de gearkomst fan inkele wady's, sadat der in soad grûnwetter oanwêzich wie. Yn eardere tiden wie de omjouwing ferneamd om har dadels en beammen. Hajar is ôflaat fan it Arabyske meartal fan rowdhah (plak fan tunen). Oan de ein fan de 18e ieu wie Riyad part fan de Earste Saûdyske Steat. Nei de ynfal troch de Ottomanen yn 1818 wurdt Riyad haadstêd fan dat ryk.

Yn 1902 waard de stêd ferovere troch de Wahhabieten ûnder lieding fan Abdoel Aziz al Saoed. Hy sette syn feroveringen troch en festige it moderne Keninkryk fan Saûdy-Araabje yn 1932, mei Riyad as haadstêd fan it lân. De diplomatike haadstêd bleau lykwols oant 1982 yn Djedda.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

  • 1862 - 7500
  • 1935 - 30.000
  • 1960 - 150.000
  • 1970 - 370.000
  • 1972 - 500.000
  • 1974 - 650.000
  • 1988 - 1.500.000
  • 1990 - 2.000.000
  • 1997 - 2.800.000
  • 2006 - 2.900.000

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

Der binne net safolle besitersplakken yn Riyadh, mar neikommende binne nijsgjirrich:

  • Masmak Kastiel, in fort yn Riyadh ferneamd troch Kening Abdulaziz Al Saud's moedige oanfal op it fort yn 1902.
  • King Fahd Kultureel Sintrum, lokalisearre bûten de stêd. It kultureel sintrum hat in planetarium, museum, bibleteek, en trije teaters.