Britsk Steatebûn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofbyld:Flag of the Commonwealth of Nations.svg
Flagge fan de Britske Steatebûn
Lidsteaten

It Britske Steatebûn of Commonwealth of Nations (oant 1947 British Commonwealth of Nations) is in steatebûn fan it Feriene Keninkryk en syn eardere kolony's, mei keningin Elizabeth II as haad.

It Britske Steatebûn is in bûn fan de eardere koloanjes fan it Britske Ryk. Mozambyk waard yn 1995 lid fan it bûn, wylst it noait in koloanje fan it Feriene Keninkryk west hie. De bedoeling dêrfan wie om better gear te wurkjen mei de oanswettende lannen dy't allegear lid wienen fan it bûn.

Yn maart 2009 hie it Britske Steatebûn 53 lidsteaten. Likernôch in fearnspart fan wrâldbefolking wennet yn in lân dat oansletten is by it Britske Steatebûn.

It Commonwealt Office yn Londen is it bestjoerssintrum fan it bûn. Elke lidsteat hat dêr in fertsjinwurdiger. Om de twa jier komme de politike lieders fan de Commonwealth-lannen in wike lang byinoar om de wrâldpolityk te bepraten. Ek sanksjes tsjin steaten wurde dêr besletten. De gearkomste wurdt alle kearen yn in oar lân fan it bûn holden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]