Norfolk (eilân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Norfolk
Kaart fan Norfolk
Sicht op de eilantsjes Nepean (foargrûn) en Phillip

Norfolk (Ingelsk: Norfolk Island of Norfolk Island Territory, Norfuk: Norfuk Ailen, as Territoarium Norfolkeilân) is in isolearre eilân yn de Stille Oseaan dat leit tusken Austraalje, Nij-Seelân en Nij-Kaledoanje. It is ien fan de eksterne territoariums fan Austraalje, mar hat wol fierhinne selsbestjoer. It heechste punt fan it eilân is de Mount Bates (319 m).

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Norfolk waard it earst bewenne troch East-Polynesyske seefarders dy’t of fan de Kermadekeilannen benoarden Nij-Seelân kamen of fan it Noardeilân fan Nij-Seelân. Sy kamen dêr oan yn de 14e as 15e ieu en hâlden dêr ferskate generaasjes ta eardat sy ferdwûnen.

Strafkoloanje[bewurkje seksje | edit source]

De earste Europeaan dy't Norfolk ûntduts wie kaptein Cook yn 1774 op syn twadde reis troch de Súd-Pasifyk. Norfolk wie ien fan earste Jeropeeske festigingsplakken yn it súdwesten fan de Stille Oseaan. Op 6 maart 1788, minder as twa moannen nei de stichting fan de koloanje Nij-Súd-Wales, kamen luitenant Philip Gidley King en 22 oaren (dêr wienen 15 convicts by) oan yn it Kingston fan distiid. It libben op Norfolk wie dreech. De grûn wie wol fruchtber, mar it yn de besnijing hâlden fan it reinwâld foel net ta en de rispinge waard opfretten fan ratten en papegaaien. Nettsjinsteande dy swierrichheden waakste de befolking oant 1100 persoanen. De delsetting koe him sels lykwols net ûnderhâlde en it die bliken dat it yn stân hâlden fan de koloanje djoer wie. Fan 1806 ôf oan waarden de bewenners stadichoan oerbrocht nei Fan Diemenslân (Tasmaanje). Yn 1814 wie de delsetting hielendal ferlitten en waarden de gebouwen sloopt om ûnrjochtmittige bewenning te ûntmoedigjen. Norfolk bleau 11 jier lang ûnbewenne. [1]

Yn 1825 waard it twads in strafkoloanje, sûnder frije emigranten, dêr't de swierste kriminelen fanút Nij-Súd-Wales en Fan Diemenslân hinne stjoerd waarden. De omstannigheden wienen swier en ûnminsklik sadat moard, oproer en it besykjen fan útbraak faak barden. Alinne yn de perioade tusken 1840 en 1844 wie it oars doe’t de behanneling fan de finzenen sterk ferbettere ûnder it bewâld fan kaptein Alexander Maconochie, in ferljochte finzenisherfoarmer. Yn de twadde festigingsperioaden berikte it tal finzenen it hichtepunt fan 2000. De moaie gebouwen yn Kingston waarden yn dy tiid troch finzenen boud. Meidat de publike opiny him tsjin de fizeniskoloanje kearre waarden, om 1855 hinne, alle finzenen oerbrocht nei Port Arthur en Nij-Norfolk yn Fan Diemenslân (Tasmaanje).

20e ieu[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1901 waard it eilân in part fan de Commonwealth of Australia wat oant de dei fan hjoed sa bleaun is.

Yn Wrâldkriich II kaam der in fleanbasis op Norfolk. Meidat it eilân ûnder ferantwurdlikens fan Nij-Seelân foel kaam der ienheid fan it Nij-Seelânske leger, de saneamde N Force. Rillegau die bliken dat it eilân safier bûtenút lei dat in oanfal net te ferwachtsjen wie, dat N Force ferliet it eilân febrewaris 1944 al wer.

Yn 1979 krige Norfolk beheind selsbestjoer fan Austraalje. Meidat it foech allinne oer eilânsaken gie, krigen de bewenners gjin fertsjintwurdiging yn it parlemint fan Austraalje; sa waarden sy de iennichste Austraaljers sûnder stim yn de folksfertsjintwurdig.

2006 waard Norfolk syn status op'en nij besjoen; 20 desimber 2006 waard besletten dat der gjin feroarings yn it bewâld oer it eilân komme soenen.[2]

Finansjele swierrichheden en it tebekrinnen fan it toerisme makke dat it regear fan Norfolk yn 2010 om stipe fan Austraalje frege. It risseltaat fan it oerlis wie dat de eilanners foar it earst yn harren skiednis ynkomstebelêsting betelje moasten, mar dan wol profitearje koenen fan allerhanne regelingen en foardielen dêr't sy earder gjin rjocht op hienen.[3]

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

It eilân hat in subtropysk klimaat mei in trochsneed jiertemperatuer fan 19 °C en 1.350 mm jierdelslach. De tyfoans dy't fan maaie oant july foarkomme kinne gefaarlik wêze.

Floara en fauna[bewurkje seksje | edit source]

Twa soarten flearmuzen, de Tadarida norfolkensis en de Chalinolobus gouldii, wienen de iennige oarspronklike lânseigen sûchdieren. Allinne de lêste is koartlyn noch sjoen. Oare bisten sa as mûzen, ratten en katten binne ynfierd.

Norfolk hat in botanyske tún, de Norfolk Island Botanic Garden.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Peter Clarke: Hell and Paradise. The Norfolk, Bounty, Pitcairn Saga. Viking, Ringswood 1986, ISBN 0-670-81521-7.
  • Merval Hoare: Norfolk Island, an Outline of its History 1774-1977. University of Queensland Press, St. Lucia 1978, ISBN 0-702-21941-X .
  • Dieter Kreutzkamp: Straßen in die Einsamkeit. Australien. Outback, Queensland und Norfolk Island. Frederking und Thaler 2002, ISBN 978-3-8940-5322-2.
  • Colleen McCullough: Insel der Verlorenen: Australien-Saga. Blanvalet 2005, ISBN 978-3-442-36190-8.
  • Peter Muhlhausler, Joshua Nash: Norfolk Island: History, People, Environment, Language Battlebridge Publications 2012, ISBN 978-1-903292-25-9.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. norfolkisland.com.au/history_and_culture/convict
  2. Governance & Administration, Attorney-General's Department; 28 febr 2008.
  3. Norfolk Island is about to undergo a dramatic change in order to secure a financial lifeline; ABC News 7.30 oere, 26 jan 2011.