Kermadekeilannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Plak fan de Kermadekeilannen
Karta NZ Kermadec isl.PNG

De Kermadekeilanden (Ingelsk: Kermadec Islands) zijn een fulkanyske eilannekloft yn de Grutte Oseaan, yn Polyneezje, dy't sûnt 1887 by Nij-Seelân hearre. De Kermadekeilannen lizze sa'n 900 km noardeastlik fan it Noardeilân fan Nij-Seelân en op likernôch deselde ôfstaân besúdwesten Tonga. It totale oerflak fan de eilannen is 33.08 km². Sy wurde net bewenne, útsein it sûnt 1937 foarfêst bemanne Raouleilân Stasjon, it meast noardlike meteorolgysk- en radiostasjon fan Nij-Seelân.
De Kermadekeilannen hawwe in subtropysk klimaat: dêr falt sa'n 1500 mm rein it jier en de trochsneed moannetemperatuer fan febrewaris is 22.4 °C en yn augustus 16.0 °C.

Geology[bewurkje seksje | edit source]

De Kermadekeilannen binne fulkanyske eilannen, dy't op de Kermadekrêch lizze. Dy ûntstie, tegearre mei de Kermadektrôch, dy't by de Galatheadjipte wol 9994 meter djip is, troch de subduksje fan de Pasifyske plaat ûnder de Yndysk- Australyske plaat. De subduksje rint fan Tonga oant Nij-Seelân. Op Raouleilân en Curtiseilân binne aktive fulkanen, op de oare eilannen allinne sliepende erodearre oerbliuwsels fan fulkanenan.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Kermadekeilannen waarden tuske de 10e ieu en de 14e ieu koloanisearre troch de Austronesyske Lapitapottebakkers, dy't út Súdeast-Aazje wei oer Nij-Guinea en Melaneezje nei Polyneezje kaam wienen. Doe't de Europeanen laat fan Jean-Michel Huon de Kermadec om 1790 (nei wa't de eilannen ferneamd binne) dêr oankamen, wienen sy ûnbewenne. Europeanen bewennen de Kermadekeilannen oant 1937, dêrnei bliuw allinnich it Raouleilân Stasjon oer.
Op 16 maaie 2006 waarden de Kermadekeilannen rekke troch in ierdskodding mei in krêft fan 7.6 op de skaal fan Richter; op 7 july 2011 wie der in skodding fan 7.8 op de skaal fan Richter.

Floara[bewurkje seksje | edit source]

De Kermadekeilannen hawwe in grut ferskaak oan plantesoarten, ûnder oaren 113 lânseigen fetplantsoarten, sa'n 52 mossensoarten en fingisoarten. Raouleilân en Macauleyeilân binne foar it grutste part oerdutsen troch subtropyske bosken.