Reinwâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


In reinwâld is in boskich ekosysteem mei it hiele jier troch in protte delslach. As minimum foar in reinwâld wurdt útgien fan 1700 of sels 2500 milimeter rein, mei in bepaald minimum alle moannen: as de rein ûngelikens oer it jier ferdield is wurdt sein fan in moessonbosk. In dizewâld kin likefolle wiet wêze as in reinwâld, mar it wetter komt yn dat gefal yn in oare foarm as rein.

Reinwâlden komme oer de hiele wrâld foar, sawol yn in evenredich klimaat as yn de tropen. Yn dat lêst gefal wurdt sein fan in tropysk reinwâld.

Tropyske reinwâlden [bewurkje seksje]

De grutste tropyske reinwâlden komme foar yn de Amazonebekken, yn de gebieten om de evener yn de Demokratyske Republyk Kongo en yn Yndoneezje.

Kambodja bestiet foar ûngefear 52% út reinwâlden. It sintrale plato yn it suden fan Yndia wurdt begroeit mei reinwâlden fan palmbeammen dy't nei de reineftige súdwestkust lizze. Dy reinwâlden beslagge sa'n 14% fan it totale lânoerflak.

Reinwâlden yn de evenredige sône [bewurkje seksje]

Reinwâlden yn de evenredige sône komme foar yn Noard- en Súd-Amearika, yn Oseaanje, yn foartiids Joegoslaavje, yn Georgje, yn Sina en yn Japan.