Keninginnedei

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Keninginnedei 1931, Harns. Fersierde T-Ford.
Frijmerk op Keninginnedei - Dimter 2004.

Keninginnedei is in nasjonale feestdei yn Nederlân, de Nederlânske Antillen en op Arûba en wurdt sûnt 1949 fierd op 30 april (foarhinne 31 augustus, de jierdei fan keninginne Wilhelmina). De dei wurdt fierd mei in protte festiviteiten (ek op de foarôfgeande 'Keninginnenacht') en in frijmerk.

Sûnt 1980 wurdt yn jierren dêr't Keninginnedei yn op snein falt (bygelyks yn 2006), de dei op sneon 29 april fierd. Foar dy tiid waard Keninginnedei op 1 maaie fierd as 30 april op in snein foel.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Noch foar de ‘echte Keninginnedei’ waard op 31 augustus 1885 de earste ‘Prinsessedei’ organisearre, de fiifde jierdei fan de jonge prinses Wilhelmina. It inisjatyf hjirta waard nomd om klam te lizzen op de nasjonale ienheid. Nei de dea fan kening Willem III yn 1890, waard Prinsessedei opfolge troch it fieren fan ‘Keninginnedei’. Dy dei ûntwikkele him ta in feestdei foar bern. Op har achttjinde jierdei, 31 augustus 1898, waard Wilhelmina regearjend foarstinne. Hja waard op 6 septimber ynhuldige. Oant en mei 1948 waard Keninginnedei op 31 augustus fierd.

Neidat keninginne Juliana har mem Wilhelmina yn 1948 opfolge wie, waard nei 1949 Keninginnedei fierd op har jierdei, 30 april. Wylst keninginne Wilhelmina en har famylje nea oanwêzich wiene by de festiviteiten, krige keninginne Juliana alle jierren in blommehulde op Paleis Soestdyk. Sûnt de jierren fyftich wie dit evenemint fia de televyzje te besjen. Wylst Keninginnedei yn de nei-oarlochske jierren noch in gewoane wurkdei wie, krigen yn de rin fan de tiid mear en mear minsken in frije dei, sadat 30 april útgroeie koe ta in lanlike feestdei.

By de troanopfolging op 30 april 1980 besleat keninginne Beatrix dy dei yn stân te hâlden as dei fan it oanfurdigjen fan har amt en it ynhuldigjen as keninginne fan de Nederlannen, en om har mem te earjen. In praktysk betinken wie dat op har eigen jierdei (31 jannewaris) it waar, yn tsjinstelling ta ein april, net gaadlik is foar in grutskalich bûtenbarren. Beatrix wizige ek de foarm fan Keninginnedei. Dêr't de lju by har mem altiten foar it huldigjen nei Soestdyk kaam wienen, giet Beatrix alle jierren sels nei ien as twa plakken yn it lân op besite.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]