Charles Darwin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Charles Darwin
De reis fan de Beagle
De Beagle yn de wetters om Fjoerlân yn 1832. Skilderij fan Conrad Martens.

Charles Robert Darwin (12 febrewaris 1809- 19 april 1882) wie in Britske natoerûndersiker. Hy wie de grûnlizzer fan de teory fan evolúsje, basearre op natuerlike seleksje, dy't de basis foarmet foar de tsjintwurdige evolúsjeteory.

Syn jeugd[bewurkje seksje | edit source]

Charles Darwin waard op 12 febrewaris 1809 berne in Shrewsbury yn midden Ingelân, net fier fan Birmingham. Syn heit wie dokter en hope dat Charles him dêryn opfolgje soe, mar dy hie dêr gjin nocht oan. Charles hie fan jongs ôf oan in grutte belangstelling foar de natoer. Foaral fûgels en ynsekten hiene syn belangstelling.

Op syn sechtjinde gong hy nei de Universiteit fan Edinburgh om medisinen te studearjen. Nei twa jier helle syn heit him dêr wei om't hy dêr neat út 'e wei sette. It belangrykste dat hy leard hy wie it opsetten en konservearjen fan fûgels en oare dieren.

Syn heit hie besluten dat hy dan mar dûmny wurde moast. Tidens syn trije jier op it Christ College in Cambridge hie Charles mear belangstelling foar de jacht as foar teology. Hy moete dêr ek syn efterneef W.D. Fox dy't in goeie entomolooch wie. Fierders rekke hy dêr befreone mei J.S. Henslow, professor yn de botany, en A. Sedgwick professor yn de geology. Yn it foarjier fan 1831 leart er Spaansk as tarieding op in reis nei Teneryf. Ek nimt er diel oan in geologysk undersyk yn Wales mei Sedgwick.

De reis fan de Beagle[bewurkje seksje | edit source]

Nei it ôfrûnjen fan syn stúdzjes gie Charles oan board fan it marine-ûndersykskip de Beagle. De kaptein fan de Beagle, Robert FitzRoy wie in religjeus man. Hy woe mei de reis de wierheid fan Genesis bewize. De teolooch Darwin woe him dêr mar al te graach by helpe. De Beagle brocht Darwin oer de hiele wrâld. It skip hat ûnder oaren op de Kaapverdyske Eilannen, de Falklâneilannen, de Súd-Amearikaanske kust, de Galapagoseilannen, Nij Seelân en Austraalje west.

It ferhaal giet dat Charles Darwin om 1835 hinne in Galapagosreuzeskyldpod fan de Galapogoseilannen meinaam. Neidat er de skyldpod yn Ingelân bestudearre hie, waard dy troch in freon meinaam nei Austraalje, dêr't sy yn ferskate dieretunen libbe hat. Neffens genetysk ûndersyk is de skyldpod berne yn 1830. De skyldpod, dy't de namme Harriët krigen hat, stoar yn 2007 en wie doe foar safier bekend it âldste dier op de wrâld.

Untdekkings[bewurkje seksje | edit source]

Op de reis mei de Beagle waard Charles in hertstochtlik natoerûndersiker en samler fan planten, dieren, fossilen en stien. Darwin fûn in Urûguay skeletten fan geweldige grutte útstoarne bisten, dy't in protte liken op de lytse tsjinhingers dy't no noch libje. Foaral syn besite oan de Galapagoseilannen hat syn tinken bot beynfloede. Darwin ûntduts dat op elts eilân soarten foarkamen dy't nearne oars libben.

Evolúsjeteory[bewurkje seksje | edit source]

Darwin late út syn ûndersiken ôf dat soarten feroarlik binne. Hy foarme de hypoteze dat alle libbene organismen har ûntwikkele hawwe út ien oerfoarm, Ut dizze hypoteze is de evolúsjeteory fuortkaam.

Bekearing[bewurkje seksje | edit source]

Krekt foar syn dea soe Darwin him ta it Kristendom bekeard ha en soe er syn teory ynlutsen hawwe.

Wurken[bewurkje seksje | edit source]

Charles Darwin hat oer syn ûndersiken en theoryen tal fan wurken publisearre. Fierwei it ferneamdst is it wurk The Origin of Species dêr't er it fenomeen fan natoerlike seleksje keppelet oan it ûtstean fan soarten.

  • Narrative of the Surveying Voyages of Her Majesty’s Ships ‘Adventure’ and ‘Beagle’ between the years 1826 and 1836, describing their examination of the Southern shores of South America, and the ‘Beagle’s’ circumnavigation of the globe. (1839)
  • The Structure and Distribution of Coral Reefs. Being the First Part of the Geology of the Voyage of the Beagle. (1842)
  • Geological observations on Coral Reefs, Volcanic Islands, and on South America: being the Geology of the Voyage of the Beagle, under the Command of Capt. FitzRoy, during the Years 1832-36. (1842-1846)
  • Journal of Researches into the Natural History and Geology of the countries visited during the Voyage of H.M.S. ‘Beagle’ round the world, under the command of Captain Fitz-Roy, R.N. (1845)
  • A Monograph of the Fossil Lepadidae; or, Pedunculated Cirripedes of Great Britain. (1851)
  • A Monograph of the Sub-class Cirripedia, with Figures of all the Species. The Lepadidae; or, Pedunculated Cirripedes. (1851)
  • A Monograph on the Fossil Balanidæ and Verrucidæ of Great Britain. (1854)
  • Monograph of the Sub-class Cirripedia, with Figures of all the Species. The Balanidae (or Sessile Cirripedes); the Verrucidae, etc. (1854)
  • On the origin of species by means of natural selection or the preservation of favoured races in the struggle for life, (1859)
  • On the various contrivances by which British and foreign orchids are fertilised by insects. (1862)
  • The variation of animals and plants under domestication. (1868)
  • The descent of man and selection in relation to sex. (1871)
  • The expression of the emotions in man and animals. (1872)
  • The movements and habits of climbing plants. (1875)
  • Insectivorous plants. (1875)
  • The effects of cross and self-fertilisation in the vegetable kingdom. (1876)
  • The different forms of flowers on plants of the same species. (1877)
  • The power of movement in plants. (1880)
  • The formation of vegetable mould, through the action of worms. (1881)

Darwinjier[bewurkje seksje | edit source]

Ta eare fan de 150e jierdei fan de publikaasje fan On the Origin of Species en Darwins 200e bertedei is it jier 2009 troch de IUBS útroppen ta "Darwinjier".[1]

Op 13 septimber 2009 sette de trijemast-klipper 'Stad Amsterdam' yn Southampton útein foar in ienjierrige wrâldreis yn de spoaren fan Charles Darwin. It wurdt in werhelling fan de reis dy't Darwin fan 1831 oant 1836 mei de Beagle makke.[2][3]

Referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

  1. Sjoch webstee[1]
  2. KNMI doet mee aan de Beagle-reis
  3. Beagle.vprol.nl

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]