Shrewsbury (Feriene Keninkryk)
| Shrewsbury | ||
| Alde merkhal yn it sintrum | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 70.689 (2008) | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Keninkryk | |
| Greefskip | Shropshire | |
| Regio | West Midlands | |
| Stêdsyndieling | Distrikt Shrewsbury en Atcham | |
| Oar | ||
| Stifting | ± 800 | |
| Webside | fia www.shropshire.gov.uk | |
Shrewsbury is de haadstêd fan it Ingelske greefskip Shropshire. De stêd leit strategysk yn in lus fan de rivier de Severn, tichteby de grins mei Wales, waard stifte yn de iere midsieuwen en hat sa'n 70.689 ynwenners (2008).
Troch syn strategysk belang is der yn de rin fan ieuwen in soad skeel útfjochte yn en om de stêd, benammen tusken Wales en Ingelân.
Shrewsbury hat in protte histoaryske monuminten, ûnder oaren it kastiel en de Benediktinenabdij, dy'beide yn de 11e ieu boud binne. Yn de 14e en 15e ieu kaam de stêd ta grutte bloei troch it oanheljen fan de hannel yn wol, mei Ingelân, mar ek mei oare Europeeske lannen. Yn 1403 wie Slach by Shrewsbury ûnder de reek fan de stêd, tusken de Ingelse kening Hindrik IV en Henry Percy, mei de bynamme 'Hotspur'.
Sir Philip Sidney, Ingels steatsman en dichter waard grutbrocht yn Shrewsbury en rekke deadlik ferwûne yn 1586 yn de Slach by Warnsveld, in militêre konfrontaasje tusken Ingelske troepen en Spanjerts.
De boekerige fan de Britske skriuwster Ellis Peters oer de detective-mûonts Cadfael spilet him ôf yn Shrewsbury en omkriten. Shrewsbury hat sûnt 1977 in stedebân met Sutfen.
Untjouwing befolking [bewurkje seksje]
| Jier | 1801 | 1811 | 1821 | 1831 | 1841 | 1851 | 1861 | 1871 | 1881 | 1891 | 1901 | ||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Befolking | 31,280 | 34,158 | 38,263 | 40,480 | 41,858 | 43,818 | 46,261 | 48,704 | 51,146 | 50,678 | 52,181 | ||||||||||
| Jier | 1911 | 1921 | 1931 | 1941 | 1951 | 1961 | 1971 | 1981 | 1991 | 2001 | |||||||||||
| Befolking | 53,729 | 55,481 | 57,290 | 62,398 | 67,965 | 74,831 | 82,392 | 85,136 | 92,347 | 95,896 | |||||||||||
| Befolkingssifers foar Shrewsbury & Atcham borough. Source: A Vision of Britain through Time | |||||||||||||||||||||
Berne yn Shrewsbury [bewurkje seksje]
- Joe Hart (19 april 1987), fuotballer
- Charles Darwin (12 febrewaris 1809), natuerûndersiker, biolooch en geolooch.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Shrewsbury fan Wikimedia Commons. |