Gerrit Tasma

Ut Wikipedy

Gerrit Tasma (De Gordyk, 7 july 1926 - Hurdegaryp, 13 novimber 2009) wie toskedokter op De Jouwer. Hy wenne letter ek yn It Oranjewâld. Tasma wie oersetter/regisseur fan toanielstikken yn it Frysk. Hy wie erst troud mei Elly Pasma (trije bern: Abel, Marieke en Eelco) Letter is hy troud mei Jolanda Boekhout.

Hy sette him yn foar de toanielferiening op De Jouwer. Hy woe de minsken mear jaan as sljochtweihinne-stikken en weage him dêrom wol oan in stik mei ynhâld. Hy foel dêrmei op en kaam yn 1969 yn it bestjoer fan Tryater. Fryske toanielferienings hawwe letter noch in soad fan syn stikken spile.

Wurk (al as net oerset)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lottere leafde
  • Ald boartersguod
  • Dûbel ferhierd
  • It halsketting
  • Moard oan 'e mar
  • Oan de ein fan de reinbôge ...
  • Sabeare dokter