Natalja Estemirova
Natalja Chussainovna Estemirova, Russysk: Нат́алья Хус́аиновна Эстем́ирова, (Oblast Saratov, 1959 of 1965 - Ciskaukasië, 15 july 2009) wie in Russyske histoarika, sjoernaliste en minskerjochteaktiviste yn Tsjetsjeenje. Oant 1998 wie hja skoaljuffer.
Estemirova wurke foar de boargerrjochteorganisaasje Memorial. Hja wie goed befreone mei de yn 2006 fermoarde sjoernaliste Anna Politkovskaja en hie kunde oan de yn 2009 ek fermoarde Stanislav Markelov. Estemirova holp famyljeleden dy't sochten nei ûnderdûkte sibben en brocht troch de oerheid tolerearre ûntfierings en folteringen fan boargerrjochtekrewearders yn de iepenbierens. De Tsjetseenske presidint Ramzan Kadyrov kritisearre har aktiviteiten.
Estemirova krige yn 2005 de Robert Schuman-medalje nei oanrekommandaasje fan de fraksje fan de Jeropeeske Folkspartij. Foar har ynset foar de minskerjochten krige hja yn 2007 de Politkovskaja-priis.
Natalja Estemirova waard op 15 july 2009 foar har wente yn de Tsjetsjeenske haadstêd Grozny ûntfierd en deselde deis noch ombrocht mei twa kûgels troch de holle. Dat barde yn in bosk yn de omkriten fan it doarp Gasi-Jurt yn it rayon Nazran fan de buorrepublyk Ingoesjeesje
Keppelings om utens[bewurkje seksje]
- Natalya Estemirova' biography by it ûntfangen fan de Robert Schuman Medalje, EPP Group, 2005
- Natalia Estemirova, Russia, ferklearing oer de moard op Zura Bitieva en har hûshâlding, septimber 2003
- Natalia Estemirova en de Priis fan Moed, Robert Amsterdam's blog