Adriano Emperado

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Adriano Emperado (Honolulu, 15 juny 19264 april 2009, dêre) wie it haad fan fijf fjochtskeunstners, dy't kajukenbo - it systeem fan selsferdigening - útwurke hawwe.

Emperado hie hurde bernejierren yn Honolulu. Syn earste trening fan fjochtssporten wie yn Escrima, dat letter aspekten fan syn kajukenbo beynfloede hat. Dêrnei rekke Emperado ynteressearre yn Kempo en berikte de swarte riem fan de fiifde graad ûnder lieding fan William K. S. Chow.

Yn it jier 1947 moeten fiif fjochtskeunstners, dy't harren de Maatskippij fan de Swarte Riem (Black Belt Society) neamden, inoar yn in diel fan Honolulu, bekend as de Stêd fan Palama. Harren doel waard om it opperste systeem fan selsferdigening út te wurkjen. Hja wienen: Peter Y. Choo (Tangsudo - Koreaanske Karate), Frank Ordonez (Jujitsu), Joseph Holck (Judo), Adriano Emperado (Kenpo en Escrima), en Clarence Chang (Wushu fan Shaolin - "it bokst Sjineesk"). Nei twa jier, kréarren dizze fiif fjochtsmasters in systeem dat tige effisjint wie by strjitfjochtsjen. Dit systeem krige syn namme ("Kajukenbo") troch de earste wurdlidden fan'e fjouwer stilen dêr't it út bestie. Sûnt dy tiid hat kajukenbo in reputaasje as "perfeksjonearre keunst fan fuil fjochtsjen op strjitte", sa't ien lid sei.

De earste skoalle fan kajukenbo waard opstarten yn'e Stad fan Palama, en waard lieden troch Emperado mei syn broer Joe. Om ûnoerwinlik te wêzen yn'e strjitten, hienen de studinten in realistyske, bretale trening, en hja fochten mei folle kontakt. Ferskillende blessueres kamen dageliks foar, en it oantal studinten op de skoalle fermindere stadichoan op in pear loyale manlju nei. De skoalle fan Emperado joech ferskeidene takomstige ynstrukteurs jeften dy't sukses hienen yn de ynternasjonale mienskip fan fjochtssporten: Sid Asuncion, Tony Ramos, Charles Gaylord, Aleju Reyes, Joe Halbuna en Al Dacascos, om mar in pear te neamen.
Yn it jier 1959, begûn Emperado Wushu yn it systeem op te nimmen, dat fan kajukenbo, de neidruk leidt fan'e hurde styl fan karate oan in kombinaasje hurde en sêfte techniken. Kajukenbo hat yn in styl opien oan ferbettering evoluearre en maak klear oan te nimmen wat effisiënt is.

Moderne kajukenbo brûke syn erfenis, mar it jout om syn reputaasje as in keunst dy't op om it even hokker fjocht yn'e strjitte tarieden is. fanwege in libben dat nei bydragen ta fjochtssporten oriëntearre wurdt, hat it tydskrift Black Belt Magazine (it Tydskrift fan Swarte Riem) Adriano Emperado syn Ynstrukteur fan it Jier 1991 neamd.