Teleskoop (optika)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In Maksoetov-spegelteleskoop (diameter 105 mm)

In teleskoop of fierrekiker is in optysk ynstrumint dêr't fiere foarwerpen mei fergrutte waarnomd wurde kinne. De namme komt út it Gryksk en betsjut "fier kiker". It bestiet út minstens 2 linzen of groepen fan linzen, it objektyf en it okulêr. In oare namme foar in teleskoop mei twa linzestelsels is refraktor, omdat ljochtstrielen manipulearre wurde troch brekking. In lytse útfiering fan in refraktor is de fierrekiker.

Gruttere astronomyske telesopen hawwe as objektyf meastal in spegel. Dit soarte teleskopen wurdt ek wol reflektor neamd, omdat ljochtstrielen manipulearre wurde troch refleksje.

In teleskoop dy't út twa positive linzen bestiet keart it byld om. Om in oereinsteand byld te krijen, binne ekstra optyske helpmiddels nedich, lykas omkearprisma's. Dizzen binne foar astronomyske tapassings lykwols net needssaklik. Se wurde benammen yn fierrekikers brûkt; de namme "prismakiker", dy't ek wol foar in fierrekiker brûkt wurdt, is oan dizze omkearprisma's ûntliend.

De saneamde "Hollânske kiker" hat in negative lins as okulêr en jout in rjochtopsteand byld, de byldkwaliteit en maksimale fergrutting binne lykwols minder as mei in posityf okulêr. De âlderwetske „teleskopyske” útskokikers binne faak fan dit type; de term „teleskopysk” yn de betsjutting fan útskober komt hjir fan. Fierders binne saneamde toanielkikers faak ek Hollânske kikers.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: