The Proposal (film út 2009)

Ut Wikipedy
The Proposal
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Anne Fletcher
produsint David Hoberman
Todd Lieberman
Damon Lindelof
senario Peter Chiarelli
Roberto Orci
Alex Kurtzman
kamerarezjy Oliver Stapleton
muzyk Aaron Zigman
filmstudio Touchstone Pictures
K/O Paper Products
Mandeville Films
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Sandra Bullock
Ryan Reynolds
byrollen Betty White
Mary Steenburgen
Craig T. Nelson
Malin Åkerman
Óscar Nuñez
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 juny 2009
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $40 miljoen
opbringst $317,4 miljoen

The Proposal is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2009 ûnder rezjy fan Anne Fletcher, mei yn 'e haadrollen Sandra Bullock en Ryan Reynolds. De titel kin sawol "It Sakefoarstel" as "It Houliksoansiik" betsjutte. It ferhaal giet oer Margaret Tate, in ûnsympatike liedingjaande by in foaroansteande útjouwerij yn New York, dy't de Feriene Steaten útset driget te wurden om't se Kanadese is en har wurkfisum ferrinne litten hat. Har oplossing is om har assistint Andrew te twingen om mei har te trouwen, sadat se de Amerikaanske nasjonaliteit krije kin. The Proposal krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. Bullock waard yn 2010 foar har rol nominearre foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Margaret Tate hat as boekeredakteur in liedingjaande funksje by in foaroansteande útjouwerij yn New York, mar omreden fan har ûnoangename karakter wurdt hja ienriedich hate troch al hat kollega's en fral troch har ûnderhearrigen. Margaret is lykwols gjin Amerikaanse, mar hat ynstee de Kanadeeske nasjonaliteit. Op in dei kriget se te hearren dat se it lân útset wurde sil om't se de betingsten fan har wurkfisum oertrêde hat. Dat is har eigen skuld, mei't se de oanhâldende tillefoantsjes fan har abbekaat negearre hat (dy't har dêrfoar warskôgje woe), om't se op har manear gjin tiid hie om 'e man te wurd te stean.

Om't útsetting betsjutte sil dat Margaret har baan ferliest, is har der alles oan gelegen om soks foar te kommen. Dêrom twingt se har folle pleage assistint, Andrew Paxton, om mei har te trouwen, sadat se de Amerikaanske nasjonaliteit krije sil. Dat docht se troch him derop te wizen dat de trije jier fan bodzjen yn syn hjoeddeistige baan folslein foar neat wêze sil as har rivaal Bob Spaulding har opfolgje sil. Want it earste wat dy dwaan sil, is perfoarst Andrew ûntslaan om skjin skip te meitsjen. Dêrmei soe Andrew syn dream om in ynfloedryk boekeredakteur te wurden, in rare tebeksetter oprinne. Sadwaande ferlove Margaret en Andrew harren, mei de bedoeling om te trouwen en nei in pear jier wer te skieden.

As se op it matsje roppen wurde by Gilbertson, in agint fan 'e Amerikaanske ymmigraasjetsjinst ICE, fertelt dy harren planút dat er hielendal neat fan harren ferhaal leaut. Hy is derfan oertsjûge dat se de boel besykje te besoademiterjen, en hy warskôget harren dat sokke fraude liede kin ta permaninte útsetting foar Margaret en in boete dy't oprinne kin oant $250.000 en in finzenisstraf fan maksimaal fiif jier foar Andrew. Der sit no in wykein tusken, mar op moandei sil er harren apart faninoar ûnderfreegje, en as harren antwurden net oerienkomme, hat er harren te pakken. Andrew, dy't yn 't earstoan wifele oer de hiele kwestje, sjocht no syn kâns skoan. Hy hâldt fol dat syn relaasje mei Margaret echt is, mar nei ôfrin fan 'e moeting mei Gilbertson sjantearret er Margaret om him promoasje te jaan ta boekeredakteur en twingt er har om him yn it iepenbier in fernederjend houliksoansiik te dwaan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

No wol it gefal dat Andrew dat wykein nei syn berteplak ôfreizgje soe foar de njoggentichste jierdei fan syn beppe Annie. Margaret hat Gilbertson wiismakke dat sy en Andrew fan doel binne en gryp dy gelegenheid oan om harren ferloving oan Andrew syn famylje bekend te meitsjen. Dat, it kin net oars of Margaret moat mei. Ta har skrik blykt Andrew út Sitka te kommen, in stedsje yn 'e rimboe fan 'e Panhandle fan Alaska. Nei in lange, wurchsume reis yn it fleantúch arrivearje se dêr, wêrnei't se per boat fierder reizgje nei de wente fan 'e famylje Paxton.

Yn Sitka merkt Margaret op dat hast de helte fan 'e winkels en oare bedriuwen de namme 'Paxton' draacht, en sa ûntdekt se dat Andrew syn famylje eins tige ryk is. De famyljewente blykt in fan eltse lúkse foarsjoene reuseftige filla oan see te wêzen. Dêr komt Margaret yn 'e kunde mei Andrew syn heit en mem, Joe en Grace, en mei syn tige eksintrike beppe. Mei't der in wolkomsfeest organisearre is, moetet se mei-iens ek Gertrude, Andrew syn âlde flam, en teffens in ober dy't Ramone hjit en dy't har dúdlik wol sitten sjocht. Underwilens kriget Andrew spul mei syn heit Joe, dy't it mar neat fynt dat Andrew no omslacht mei de baas dy't er sa lang hate hat. Hy fermoedet dat Andrew inkeld mei har sliept om syn eigen karriêre foarút te helpen. Dêrop kundiget Andrew lulk syn ferloving mei Margaret oan. De gasten op it feest steane derop dat Andrew en Margaret inoar tútsje sille, en wat in koarte tút wêze moatten hie, rint út op in ynlike tongtút dy't lang oanhâldt. Dat bringt harren allebeide yn betizing. De 'toarteldokes' wurde troch Grace ûnderbrocht yn ien útfanhûzerskeamer, mei't it grif net de earste kear is dat se tegearre op ien bêd sliepe.

De nacht, dy't yn Sitka, trochdat de sinne dêr simmerdeis amper ûndergiet, like ljocht is as ljochtskyndei, bringt Margaret op bêd troch, wylst Andrew mei in pear tekkens en in kjessen op 'e flier bivakkearret. De oare deis wurdt Margaret har mobile tillefoan ta har wanhoop stellen troch in earn. Letter wurdt se troch Grace en beppe Annie meitroaid nei in pleatslike bar foar har frijfammefeest. Dêr wurdt se it slachtoffer fan in optreden fan 'e iennichste manlike stripper dy't Sitka ryk is, deselde Ramone dy't se earder as ober troffen hat. As se neitiid eefkes in luchtsje skept, rekket Margaret oan 'e praat mei Gertrude, dy't har fertelt dat Andrew har jeugdleafde wie. Nei't se allebeide de middelbere skoalle ôfrûne hiene, frege er har mei him te trouwen en mei him út te naaien nei New York, dêr't er boekeredakteur wurde woe. Gertrude hie graach mei him trouwe wollen, mar se moast him nee ferkeapje om't se út noch yn net út Sitka wei woe.

Yn 'e tuskentiid hat Joe, dêrta twongen troch Grace, besocht om syn rûzje mei Andrew by te lizzen. De beide mannen hawwe it net mear oer Margaret en Andrew syn ferloving, mar krije dan ynstee rûzje oer it feit dat Andrew syn heit net opfolgje wol as eigner fan it sake-ympearium fan 'e famylje Paxton en it feit dat Joe Andrew syn karriêre yn 'e útjouwersbrâns net serieus nimt. Nei't Margaret en de oare froulju wer thúskommen binne, liedt in rige ûnfertúnlike omstannichheden derta dat Margaret en Andrew, as se allebeide in dûs nimme wolle, inoar yn neakene steat letterlik tsjin it liif rinne. Dy nachts, as se wer op bêd en op 'e flier lizze, freget Margaret Andrew nei syn relaasje mei syn heit, mar dêr wol er neat oer sizze. Ynstee fertelt Margaret him dingen oer harsels, lykas dat se in iennichst bern is en op har sechstjinde wees waard nei it ferstjerren fan har beide âlden.

Sneintemoarns wurde Andrew en Margaret foar it blok set troch beppe Annie, dy't sa stomme graach harren trouwerij noch meimeitsje wolle soe. It rint derop út dat se dyselde middeis noch trouwe sille by de Paxtons thús. Nei't se foar Margaret in nije mobile tillefoan kocht hawwe yn in winkel dy't rund wurdt troch Ramone, wurdt Margaret wer meinommen troch Grace en Annie. Se hawwe it plan opfetten dat Margaret op 'e trouwerij de troujurk fan beppe Annie oan krije sil, dy't al generaasjes yn 'e famylje is. Nei't Margaret dy past hat, rekket se tige oerstjoer. As Andrew witte wol wat deroan is, fertelt se him úteinlik dat se fergetten wie hoe't it fielde om diel út te meitsjen fan in famylje, om't se al sûnt har sechstjinde allinne op 'e wrâld is. Werom yn 'e filla wurde se troch Joe meinommen nei in moeting mei ICE-agint Gilbertson. Dyselde hat Joe opskille, wêrnei't Joe de man oerkomme litten hat nei Alaska. Joe wol de wierheid no einlings boppe wetter hawwe, mar Andrew, dy't by himsels gefoelens foar Margaret gewaarwurden is, dielt syn heit mei dat er it dak op kin.

By de houliksseremoanje, dy't laat wurdt troch foargonger Ramone, ûnderbrekt Margaret de boel op in stuit om iepentlik foar alle gasten oer de wierheid op te bychtsjen: dat se Andrew twongen hat om mei har te trouwen om oan in ferbliuwsfergunning te kommen. Gilbertson, dy't by de trouwerij oanwêzich is, ynformearret har dat se no mei him weromreizgje kin nei New York, dêr't se nei oankomst 24 oeren hat om har saken ynoarder te bringen en de Feriene Steaten te ferlitten. Dat, Margaret hellet har bagaazje op en set op stel en sprong ôf. Tsjin 'e tiid dat Andrew efter har oan giet, hat se de filla al ferlitten. Hy wifket oer wat er no dwaan sil, en it is Gertrude dy't him freget oft er Margaret wier fuortglûpe litte wol. Andrew beslút fan net, mar as er har efternei sil, besiket Joe him tsjin te hâlden, wat liedt ta in nije rûzje tusken heit en soan. Beppe Annie simulearret in hertoanfal om harren te twingen op te hâlden mei redendielen en in ûnthjit fan elts fan harren los te krijen dat se tenei besykje sille om begryp te hawwen foar inoars beslissings, sels as se it dêr net mei iens binne.

Annie en Grace fiterje Andrew oan om efter Margaret oan te gean, mei't se (sa lizze se geduldich út oan Joe) har publyklike bekentenis nea dien hawwe soe as se net echt fan Andrew hold. Andrew hastiget him nei it fleanfjild, mar hy is te let om Margaret har fleantúch tsjin te hâlden. Werom yn New York hellet Margaret har kantoar leech en jout opdracht om al har spul nei Toronto te stjoeren. As Andrew dêr opdûkt, besiket se him fuort te stjoeren, mar yn it bywêzen fan al syn kollega's ferklearret er syn leafde foar har, wêrnei't se inoar hertstochtlik tútsje ûnder it laitsjen en jûchhei fan it omsteand laach.

De ôftiteling fan 'e film giet mank mei bylden fan 'e ûnderfreging troch Gilbertson fan net inkeld Andrew en Margaret, mar ek fan Grace, Joe, Annie en Ramone, wêrby't de ICE-agint de iene nei de oare yrrelevante fraach stelt.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sandra Bullock.
Ryan Reynolds.
haadrollen
personaazje      akteur/aktrise
Margaret Tate Sandra Bullock
Andrew Paxton Ryan Reynolds


byrollen
personaazje akteur/aktrise
beppe Annie Paxton Betty White
mem Grace Paxton Mary Steenburgen
heit Joe Paxton Craig T. Nelson
Gertrude Malin Åkerman
Ramone Óscar Nuñez
Gilbertson Denis O'Hare
Bob Spaulding Aasif Mandvi
Bergen Michael Nouri
Malloy Gregg Edelman
Chuck Michael Mosley

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Proposal waard regissearre troch Anne Fletcher nei in senario fan Peter Chiarelli, Roberto Orci en Alex Kurtzman. Dy beide lêsten krigen gjin fermelding op 'e ôftiteling. As produsinten wiene David Hoberman, Todd Lieberman en (ûnfermeld op 'e ôftiteling) Damon Lindelof by it projekt belutsen foar de filmstudio's Touchstone Pictures, K/O Paper Products en Mandeville Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oliver Stapleton, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Aaron Zigman.

De froulike haadrol yn The Proposal waard alderearst oanbean oan Julia Roberts, mar dy sloech it oanbod ôf. Yn har plak waard Sandra Bullock ree fûn om 'e rol fan Margaret Tate te spyljen. De opnamen setten op 9 april 2008 útein en fûnen foar it meastepart plak yn Rockport (Massachusetts), dat omboud waard om op Sitka (Alaska) te lykjen. Oare filmlokaasjes wiene: Manchester-by-the-Sea (Massachusetts), Boston en New York.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Proposal waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dêr't Touchstone Pictures in dochterûndernimming fan is. De film gie op 1 juny 2009 yn it El Capitan Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 19 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. The Proposal waard op 13 oktober 2009 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Proposal mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 3 fan 4 stjerren, hoewol't er him deroer beklage dat de film "in plot recyclet dy't al âld wie doe't Tracy en Hepburn him opfierden". Hy skreau dat er úteinlik foar The Proposal wûn waard troch de aktearprestaasjes fan Sandra Bullock en Ryan Reynolds. Yn The New York Times fûn Manohla Dargis lykwols dat Bullock yn 'e rol fan Margaret Tate ûnwennich wie yn ferhâlding ta har wenstige rollen fan mear selsstannige froulju. Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone fûn net folle oan 'e film, wêryn't er emoasje miste; hy ferliek regisseur Anne Fletcher mei "in fabrikant fan hurd plestik" dat eltse emoasje tsjinkeart.

De ynteraksje tusken Bullock en Reynolds waard troch de measte resinsinten wol wurdearre. Sa waard dy yn Entertainment Weekly troch Lisa Schwarzbaum karakterisearre as "fris en ûnwjersteanber". Yn 'e Los Angeles Times skreau Betsey Sharkley dat se yn 'e relaasje tusken de beide haadpersoanen in "brutale update" seach fan it toanielstik De Fekke Nuet, fan William Shakespeare. Yn 'e Britske krante The Guardian wie Peter Bradshaw tige negatyf oer The Proposal, dy't er 1 fan 5 stjerren taparte. Hy roeide ek tsjin 'e stream yn, wat de ynteraksje tusken Bullock en Reynolds oangie: "Harren fûnkeljende wjerssidige ferachting yn it begjin [fan 'e film] oertsjûget net, en likemin is dat it gefal mei harren lettere ûntteien en românse. Yn eltse sêne liket it wol as hawwe se inoar noch nea earder sjoen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Proposal in ûndergemiddelde goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 187 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Sandra Bullock en Ryan Reynolds litte mear as genôch gemy sjen, mar se wurde yn 'e steek litten troch de tawijing fan The Proposal oan in fêste formule." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Proposal in goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 30 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Proposal brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $164,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $153,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $317,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $277,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 waard Sandra Bullock foar har rol yn The Proposal by de Golden Globes nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste aktrise yn in musical of komeedzje. Hja waard ek nominearre foar de Satellite Award yn deselde kategory en wûn de Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in romantyske film. The Proposal sels wûn de People's Choice Award foar favorite komeedzjefilm, en de Teen Choice Awards foar favorite romantyske simmerfilm en favorite filmdûns (Sandra Bullock en Betty White). De film waard fierders nominearre foar 2 oare People's Choice Awards, 3 MTV Movie Awards, 7 oare Teen Choice Awards en in Kids' Choice Award.

Oars-talige remakes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan The Proposal waarden yn Yndia trije remakes makke: it Malajalamtalige My Boss (2012); it Kanareesktalige Software Ganda (2014); en it Tamyltalige Sandakkari (2021). In Sineeske remake waard yn 2016 oankundige as in ko-produksje fan Walt Disney Pictures en Linmon Pictures.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.