Spencer Tracy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Spencer Tracy yn Dr. jekyll and Mr. Hide
Henry Drummond (Tracy, lofts) en Matthew Harrison Brady (Frederic March), rjochts) yn Inherit the Wind 1960

Spencer Bonaventure Tracy (Milwaukee, Wisconsin, 5 april 1900 - Beverly Hills, Kalifornje, 10 juny 1967) wie in Amerikaansk akteur.

Tracy, berne yn Milwaukee, wie de soan fan frachtweinferkeaper John Edward Tracy en Caroline Brown. Nei de middelbere skoalle siet Tracy op it Ripon College wêr't er yn in teaterstik spile; 'De Wierheid' (The Truth). Yn de jierren 20 siet er op de Academy of Dramatic Arts yn New York. Yn syn frije tiid spile er yn klubs en yn de jierren 30 krige er in rol yn it stik The Last Mile op Broadway. Doe waard er ûntdekt troch regisseur John Ford. Dat wie yn 1930. Net folle letter wie er ek yn films te sjen. Yn 1935 waard er oannommen by MGM en krige er yn 1937 en 1938 in Academy Award foar Bêste Akteur foar syn rol yn de films Captains Courageous (1937) en Boys Town (1938). Hy troude mei Louise Treadwell yn 1923 en sy krigen twa bern: John en Louise. Yn 1941 lei er it oan mei aktrise Katharine Hepburn.

Tracy wie bekend om syn natuerlike wize fan spyljen en it grut ferskaat oan karakters dat er stal jaan koe.

Yn 1967 stoar Tracy oan in hertoanfal.

Filmografy ( MGM-films)[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]