John Ford

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
John Ford yn 1946

John Ford (Cape Elizabeth (Maine), 1 febrewaris 1894 - Palm Desert (Kalifornje), 31 augustus 1973) wie in Amerikaanske filmregisseur. Syn films fan de jierren '30 oant yn de jierren '60 hienen in soad súkses. Hy is fral ferneamd fan syn westerns sa as Stagecoach en The Searchers. Hy wûn fjouwer Oscars foar Bêste Regisseur, mar oars net foar syn westerns. Hy wurdt beskôge as ien fan de grutste Amerikaanske regisseurs fan alle tiden.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

John Ford yn 1973

John Ford waard berne as Sean Aloysius O'Fearna (guon boarnen wolle hawwe dat syn bertenamme John Martin Feeney wie) yn Cape Elizabeth, Maine. Syn âlden wiene fan An Spidéal yn it greefskip Galway yn Ierlân. In protte fan syn films ferwize nei syn Iersk komôf.

Fan 1907 ôf brûkte syn broer Francis de namme "Ford" as artystenamme en ferfear nei Hollywood. 1914 gong Sean (dy't syn namme wilens feroare hie yn Jack) nei syn broer ta en krige dêrnei byrollen yn dy syn films en rigen. Yn 1917 regissearre hy syn earste film, Straight Shooting. Dy earste films wiene allegear westerns, dy't meast tsjinnen om westernstjerren sa as als Harry Carey en Tom Mix goed útkomme te litten.

Yn 1923 brûkt hy foar it earst de namme John Ford. In jier letter makke er de western The Iron Horse, syn earste masterstik. Yn de jierren tweintich wie hy foarsitter fan de Motion Picture Directors Association.

It duorre lykwols oant fier yn de jierren tritich ear't hy de namme fan grut regisseur krige en hy it publyk en de kritisy ferôvere. De earste film dêr't Ford om bejubele waard wie The Informer út 1935. Hy krige dêrfoar de Oscar foar Bêste Regisseur.

1939 kamen twa wichtige films fan Ford út: Young Mr. Lincoln (mei Henry Fonda as presidint Abraham Lincoln) en Stagecoach. De lêste film makke in stjer fan John Wayne en brocht Ford fannijs in Oscarnominaasje, mar is fral fan belang om't de film produksjemaatskippijen dúdlik makke hoe folle súkses in western mei in heech budzjet hawwe koe. John Wayne spile dêrnei yn mear as tweintich films fan Ford.

De jierren '40 krige Ford twaris de Academy Award foar Bêste Film, foar The Grapes of Wrath en How Green Was My Valley. De lêste fersloech Citizen Kane in de race foar dy priis. Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Ford by de Marine. Hy makke dokumintêres foar it ministearje fan Definsje. Mei The Battle of Midway en June 7th wûn er twa Oscars.

Ein jierren '40 makke Ford de "kavalery trilogy" mei Fort Apache, She Wore a Yellow Ribbon en Rio Grande. Yn alle films spile John Wayne de haadrol.

Mei The Quiet Man, John Ford syn meast persoanlike film, wûn er syn fjirde Oscar. De film giet oer in Amerikaan fan Iersk komôf (spile troch John Wayne), dy't weromgiet nei syn heitelân. The Searchers út 1956 wurdt faak beskôge as syn bêste film en as ien fan de bêste westerns ea makke.

Yn 1966 waard syn lêste film, 7 Women, útbrocht. Yn 1971 makke Peter Bogdanovichin dokumintêre oer de filmmakker, mei de titel Directed by John Ford.

John Ford wie 1973 de earste winner fan de AFI Life Achievement Award. Hy stoar augustus dat jier oan magekanker yn Palm Desert, Kalifornje. Hy waard 79 jier.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Stomme films[bewurkje seksje | edit source]

As Jack Ford: Films produsearre troch Universal Studios; at net oars fernijd wurdt.

  • The Tornado (1917)
  • The Scrapper (1917)
  • The Soul Herder (1917)
  • Cheyenne's Pal (1917)
  • Straight Shooting (1917)
  • The Secret Man (1917)
  • A Marked Man (1917)
  • Bucking Broadway (1917)
  • The Phantom Riders (1918)
  • Wild Women (1918)
  • Thieves' Gold (1918)
  • The Scarlet Drop (1918)
  • Hell Bent (1918)
  • A Woman's Fool (1918)
  • Three Mounted Men (1918)
  • Roped (1919)
  • The Fighting Brothers (1919)
  • A fight for love (1919)
  • By Indian Post (1919)
  • The Rustlers (1919)
  • Bare Fists (1919)
  • Gun Law (1919)
  • The Gun Packer (1919)
  • Riders of Vengeance (1919)
  • The Last Outlaw (1919)
  • The Outcasts of Poker Flat (1919)
  • The Ace of the Saddle (1919)
  • The Rider of the Law (1919)
  • A Gun Fightin' Gentleman (1919)
  • Marked Men (1919)
  • The Prince of Avenue (1920)
  • The Girl in No. 29 (1920)
  • Hitchin' Posts (1920)
  • Just Pals (1920), Fox-20th Century
  • The Big Punch (1920), Fox-20th Century
  • The Freeze Out (1921)
  • The wallop (1921)
  • Desperate Trails (1921)
  • Action (1921)
  • Sure Fire (1921)

Dêrnei oer nei Fox

  • Jackie (1921)

As John Ford:

  • Hoodman Blind (1923)
  • The Iron Horse (1924)
  • Kentucky Pride (1925)
  • 3 Bad Men (1926)
  • Upstream (1927)
  • Hangman's House (1928), produsint & regisseur

Lûdsfilms[bewurkje seksje | edit source]