Katharine Hepburn

Ut Wikipedy
Katharine Hepburn (1940)
Stage Door trailer (1937)

Katharine Hepburn (Hartford (Konettikut), 12 maaie 1907 - Old Saybrook, 29 juny 2003), folút Katharine Houghton Hepburn, wie yn Amearikaansk aktrise. Har bynamme wie First Lady of American Cinema fanwege har grutte talint en har rekordoantal Academy Awards.

Katharine Hepburn wie it twadde bern fan seis fan dokter Thomas Norval Hepburn en suffrazjette Katharine Martha Houghton. Doe't se acht jier âld wie die se al oan toanielspyljen. Yn 1921 fûn Katharine har âldere broer Tom ferhongen, wat har jierren efterfolgje soe.

Wylst se studearre oan it Bryn Mawr College begûn se oan teater te dwaan. Yn dy tiid kaam Hepburn ek yn 'e kunde mei Ludlow Ogden Smith. Yn 1928 studearre se ôf, troude se mei Ludlow Ogden Smith en spile yn Baltimore yn twa stikken. Ek yn dat jier gong se nei New York dêr't se ien dei meispile yn The Big Pond en doe dien krige. Dochs krige se al gau fêst aktearwurk.

Nei oanlieding fan har rol yn The Warrior's Husband yn 1932 krige Hepburn dat jier in rol yn de film A Bill of Divorcement. Dit wie in súkses, en se krige mear filmrollen. Foar har tredde filmrol, Morning Glory, krige Hepburn in Academy Award as bêste aktrise.

Fan 1933 oant 1938 spile se yn minder súksesfolle stikken en films, en yn 1934 gong se by Smith wei. Mar yn 1939 spile se yn The Philadelphia Story wat in grut sukses wie, en se spile har rol ek yn de filmferzje, dy't ek in sukses waard. Yn har folgjende film Woman of the year, stie Hepburn tsjinoer Spencer Tracy, dêr't se dêrnei noch acht kear mei spile, en dêr't se sânentweintich jier tegearre mei wie.

Hepburn bleau spyljen by sawol it toaniel as de film. By de film krige se noch twa Academy Awards, foar Guess who's coming to dinner yn 1967 en foar The lion in winter yn 1968. Op it toaniel spile Hepburn ûnder oaren yn sân stikken fan William Shakespeare, yn Londen, Austraalje en yn Stratfort (Konettikut), en yn 1969 spile se mei grut súkses yn de musikal Coco.

Yn de sântiger jierren spile Hepburn fral yn telefyzje-films. Yn 1975 krige se dêrby foar har rol yn Love Among the Ruins in Emmy Award. Yn 1981 krige se in fjirde Academy Award, foar har rol yn On golden pond.

Ek yn de jierren tachtich en letter bleau Hepburn rollen foar telefyzje spyljen. Yn 1991 kaam har autobiografy Me: Stories of My Life út. Yn 1994 wie har lêste filmrol, in lytse rol yn Love Affair. De lêste jierren waard har sûnens minder en op 29 juny 2003 is se thús yn Old Saybrook ferstoarn.

Hepburn spile mei yn mear as fjirtich films, en spile yn mear as tritich toanielstikken. Yn 1995 waard se útroppen ta de bêste aktrise út de skiednis fan de film.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katharine Hepburn en James Stewart yn Philadelphia Story (1940)
Spencer Tracy en Katharine Hepburn yn Adams Rib (1949)
Katharine Hepburn yn The African Queen (1951)

Biografyen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Katharine Hepburn fan Wikimedia Commons.